Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd.
In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
By 't Spoekereedtsje oan 'e Folgerster loane spoeke altyd in dikke houn.
nl.verhalenbank.25257
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld.
Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde:
"Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede.
Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer.
"Hwat nou?" sei 'k.
"Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat."
Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen.
Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet.
"It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Myn man syn heit fortelde altyd in bulte fan spûkerij yn 'e buert fan 'e dikke beam oan 'e betonwei yn 'e Harkema.
Dêr seagen se altyd fan alles.
nl.verhalenbank.25804
Dêr roun altyd in dikke bûnte houn tusken de Driezumer brêge en de Deenzer brêge oan 'e Dokkumer Trekwei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.32252
Mem fortelde, der wie in naeister, as dy der jouns útkaem, dan roan der altyd in dikke swarte houn njonken har lâns. Dat wie yn Aldwâld.
nl.verhalenbank.32132
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Us heit wie net gau bang.
Op in kear wie der mei de kroade om kunstmest west nei 't Fean. Myn âldste broer wie by him. 't Wie al tsjuster doe't se werom gongen. Doe't se wienen op it eintsje fan 't Blauhûs nei de Boelensloane rêstten se even út en gongen op 'e kroade sitten. Doe sei myn broer: "Sjoch heit, dêr komt hwat oan."
"Wy bliuwe sitten," sei heit,...
nl.verhalenbank.24382
Tichte by 't Blauhûs wie in skeanpaed. Dat kom út op 'e wei nei 't Fean ta. Op dat skeanpaed spoeke it altyd bot. Dêr roan yndertiid altyd in arbeider lâns, dy't nei de boer ta moest. Hy wie net bang útfallen.
Mar doe gebeurde it in kear of hwat doe moete er dêr in pleachbeest. Der kom in dikke swarte houn achter him oan. Dy roan dan wer oan 'e iene kant...
nl.verhalenbank.25518
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
To Eastemar by de dikke beammen op 't Heechsân spoeke in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20886
Tusken Blauhûs en dy hulzenhage roan froeger in pleachbeest. It like in dikke grouwe houn.
nl.verhalenbank.24228
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
By de dikke beam oan 'e Bomkleaster wei yn 'e Harkema spoeke in man, dy stie dêr altyd yn 'e daem. In protte minsken doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.32971
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it.
Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Heit en mem kommen op in joun let fan Harkema nei Droegeham. Sy roannen de Bosk yn yn 'e Harkema. Doe wie der ynienen in houn by har, in dikke swarte houn. Dy roan hyltyd by har lâns. Mem sei tsjin heit: "Dit is gjin goed spul, sjoch, hy sweeft." It dier roan net. Op 't lêst wied er by har wei gong.
nl.verhalenbank.25340