Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: dijk Narrator Gender: male Place of Narration: Drogeham
Hjir oan 'e Lytse wei op 'e dyk stiet in ikebeam. Hindrik Borger wennet nou yn it hûs dat dêr by stiet. Dêr is al ris in âld-minske formoarde woarn. Dêr stiet noch in krús fan yn 'e ikebeam. Dat krús giet der noait út. Kappe se de beam om, dan komt it wer yn 'e nije stamme.
nl.verhalenbank.28881
Ik hie twa âldere bruorren. Op in joun woarde de âldste nei de winkel fan Hindrik Holthuis tastjûrd om boadskippen. Mar hy kom al gau werom. Mem sei: "Hast nou al hinne west?" "Né," sei er, "hwant de duvel sit dêr yn 'e hage." (Der wie in hage oan 'e Boskreed) Mem sei: "Hwat biweecht dy jonge - de duvel yn 'e hage." Myn oare broer sei: "Dan sil ik ris mei...
nl.verhalenbank.28771
Tetsje Wibe (= Wibe fan Albert en Tet = Wibe Alma) kom ek ris in kear fan 't Jachtfjild. Dy is doe ek smiten woarn by de Lange wyk. Tsjin 'e dokter oer wie froeger in dyk. Dêr is Sytse Jager ris op in joun oer smiten woarn: trije kear achter elkoar. Sytse Jager wie ek in hiele raren.
nl.verhalenbank.28815
Ruerd van der Veen is al us by 't Swartfliet op jountiid oer in dyk hinne smiten woarn.
nl.verhalenbank.19935
Oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't nou Hindrik Borger wennet, seagen de minsken froeger in swart frommes. Dat frommes spûke dêr. Dêr is earen in âld minske formoarde woarn. Se wolle wol ha dat dat datselde frommes is. Yn 'e wâl op 'e dyk stiet in ikene beam mei in krús der yn, ta in teken dat it dêr gebeurd is. Dat krús koe der noait wer út, seinen se.
nl.verhalenbank.28901
35