Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
By de Krúswei yn 'e Harkema wie 't froeger allegear perseeltsje-lân. Dêr stie us op in joun in kloftsje jongfolk by inoar. Dêr wie Sytse Jager ek by. Sytse Jager wie ien fan 'e raersten fan 'e Harkema. Unforskillich en ek noch gemeen.
Sytse sei: "Ik mat even út 'e broek." Hy gong oer de dyk it lân yn. Dêr wie in dobbe flakby. Dy dobbe wie leech. Dêr...
nl.verhalenbank.21203
Der wienen in pear yn 'e Harkema, dy skeaten op in hazze. Mar sy koenen dy hazze noait krije. Sy rekken him wol en it hier stoude der soms nei, mar it skot hie blykber gjin fet op dy hazze. Hy fleach hyltyd mar wer opnij in ein fierder fuort, dat hja der rinnende achteroan.
Op it lêst wienen se by in dyk. Mar doe hie de hazze der net mear west, mar hwa...
nl.verhalenbank.21538
Op in kear doe kom myn omke yn 'e nacht fan Topwear. Dêr wienen doe allegearre diken om 't lân hinne en dy diken dêr wienen soms paedtsjes op.
"'k Wie midden op 'e dyk," fortelde er, "doe smieten se my samar ynienen de heide oer, wol fyftich meter fier. En der wie net in minske to sjen."
Doe't er thús wie, hied er oan elke hier in switdrip hingjen.
Dit...
nl.verhalenbank.28332
Op 'e Bulten yn 'e Klontsjebuorren yn 'e Harkema hie myn swager Piter op in joun syn faem krekt nei hûs ta brocht.
(Piter Rauwerda; syn wiif Saek is myn suster). Doe't er weromkom seach er in hiel great wyt frommes. Dêr woarde hy sa bang foar, dat hy kom mei barstengewelt yn 'e hûs stouwen, mei de klompen noch oan. Dat spoek hie by de dyk lâns roan....
nl.verhalenbank.28279