Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: diggelen
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin. Dan komt der ien by de doar. It is de duvel. Hy giet by de oaren sitten. Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?" "Né", seit se. "Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Der wie in faem, dy tsjinne by de boer. Dy faem woe noait forkearing ha. Hja krige wol genôch oansyk, mar sy stegere alle manlju ôf. Dêr woarde se faek om pleage. Op in kear, doe't se wer ris tige narre woarn wie, doe sei se: "Goed, de earste de bêste, dy't om my komt, dy bliuwt, as wie 't de duvel ek." De earste dy't kom, mocht bliuwe. De frou seach dat...
nl.verhalenbank.19737
Der wie in faem, die woe in frijer ha. As wie 't de duvel ek, sei se. Doe kom dêr op in kear in hearke. Dy hie in hynstepoat. Hja sei, hy mocht der ynkomme, as hja de skûdels omwosken hie. Of er sa lang wol tiid dwaen woe. Mar doe gong se hinne en skûdelwosk net. Ynpleats dêrfan sloech se alle diggelguod koart en klien. Doe koe de duvel lang op har...
nl.verhalenbank.19938
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op 'e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan...
nl.verhalenbank.19783
Der wie in faem, dy tsjinne. Dy sei us in kear: "Ik wol joun in feint ha. 't Kin my neat skele hwa. As wie 't de duvel ek." Doe't se de jouns it iten op hienen, kom der in menearke oan, dy gong moai yn 'e hoeke sitten. Doe kom de frou by de faem en sei: "O heden, fanke, hwat hastû hjoed sein!" Doe sei de faem de wurden dy't se sprutsen hie. "Nou," sei de...
nl.verhalenbank.18123
Alde Frytsen stie us yn 'e winkel by Rikele Pot. Doe sei se: "Hjir komt in ramp yn 't koart." In pear dagen letter sakke der in ramt yn en alle potte- en panneguod dat der op stie, kom nei ûnderen en rekke yn diggels. (Frytsen wie de beppe fan Willem Mulder to Eastemar)
nl.verhalenbank.21836
Der wie in faem, dy sei: Ik wol joun in frijer ha, as wie 't de duvel. Doe kom der de jouns ien by de doar. De frou sei: Dit liket net bêst, hy hat in knolpoat. 't Is de duvel. Doe wie de faem bang. De faem hat doe diggelguod foar syn fuotten kapot smiten en doe is er wer fuort gong.
nl.verhalenbank.22332
35