Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Yn 'e Wylp wenne in sekere Auke Dykstra, dy wie net by it fé fortroud. Dêr wienen de boeren allegear hwat bang foar.
Der wenne ek in boer, dat wie Jan Farwyk, dy hie in mot mei biggen. Dy biggen wienen trije wiken âld.
Auke Dykstra kom dêr, hy gong by de mot stean en hy gong mar krekt even mei 't stokje oer dy biggen hinne. Sa jage hy se ta 't nêst út.
De...
nl.verhalenbank.26016
Der roan ris in man yn 'e nacht op 'e Folgersterloane.
Doe tocht er: "Hwat ding rint der hyltyd njonken my?"
It wie hwat, dat roan op 'e achterste poaten. 't Wie hast like great as hy sels. Doe't hy der hinne gong om to sjen wie it in gewoan skiep, dat op fjouwer poaten roan.
Hwat it earder west hat hat er him noait bigripe kind.
't Gebeurde by de...
nl.verhalenbank.27309
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer.
Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei.
Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Op 'e Sanden yn Grinzer Pein wenne in man dy wie tige rûch yn 'e mûle: Durk Wonderman hiet er. Dy sei, hy wie foar gjin duvel bang.
Op in kear, doe hied er to jounpraten west. Doe't er op 'e weromreis wie nei hûs ta fornom er dat der hwat achter him oan kom. Dat siet him op 'e hielen. 't Wie him tsjin 'e hakken oan.
Hy woarde deabinaud. Doe't er omseach...
nl.verhalenbank.27487
Wy hienen mar ien koe. Dêr wienen wy wiis mei.
Der kom op in kear in keardel by ús. Dat wie Jehannes Bekkema. Dat wie in tsjoenster. Dy gong nei de koe ta. Hy struts mei de hân earst oer de iene side en doe oer de oare side hinne.
Ik sei tsjin Sierd: "Dit is mis. Jehannes hie net by de koe wêze matten, hwant 't is in tsjoenster."
En 't kom al sa út. De...
nl.verhalenbank.21107
As der dieren binne dy men niet kan roaken met skieten, dan moet der sulver in de kogels doan worden. Dan binne de dieren altied te roaken.
nl.verhalenbank.26872
Sipke Albert gong nachts faek nei de Feanster boat nei Ljouwert en Grins ta. Onderweis sprong him op it plak dêr't Gietema wennet in dier op 'e rêch en dat lei him de poaten op 't skouder. Dat dier wie tige swier. Dan moest er dat dier meidrage oan 'e AVEK ta. (dêr't de Warreboskloane bigjint). Dan gong 't wer fan 'e rêch ôf. Dan spielde Sipke fan swit....
nl.verhalenbank.38687