Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje.
Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis.
Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
It gebeurde ek us op in kear, doe siet ik by him, doe wie de doar ek wer út himsels iepen en ticht gong. Mar doe fornaem ik wol, dat der kreaud woarde. De man hie heftige biwegings en sy wienen it lang net iens togearre, koe 'k wol fornimme. 't Wie mis, hy wie mar oan 't haspeljen en oan 't jeuzeljen tsjin dy 'oare'.
Doe kom dy âld man oerein en hy gong...
nl.verhalenbank.24936
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel.
Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
nl.verhalenbank.24935
Myn frou hie 't us tige drok. Sy hie krekt de earms fol itensboarden, dy't ôfwosken woarn wienen, doe sei se: "Och Heare, dat de doar foar my iepenbliuwe sil."
En de doar bleàu iepen foar har, hoewol it in klapdoar wie.
nl.verhalenbank.23020
Oan diz' kant Hurdegaryp stiet in villa. By dy villa wie in homeije, dêr stienen de hekken altyd fan iepen. As se de hekken ticht dienen, dan gongen se fansels wer iepen. Sy woenen wol biweare, dat dêr ien bigroeven lei.
nl.verhalenbank.23626
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd iepen stiet:
Froeger hat dêr in âld buorkerij stien, it slot is der letter kom. Doe't dy buorkerij der noch stie, ha in boer en in feint in freesliken rúzje krigen. Sy stienen as liuwen tsjin elkoar oer, by de daem, de feint mei 't mes iepen, de boer mei de bile. Doe hat de boer de feint mei de bile deahoud. Doe hat er...
nl.verhalenbank.19379
To Hurdegaryp stiet in slot, dêr hat Hindrik Smit froeger yn wenne. De poarte fan dat slot stie moarns altyd iepen, ek al dienen se him de jouns tofoaren ek nòch sa goed ticht.
nl.verhalenbank.25061
Yn 'e Houtigehage wennen minsken dy hienen in jonkje. Dat rekke siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta, hwant der siet alhiel gjin groede yn 't bern. Dy sei: "It bern is bitsjoend."
Sy ha op syn oanwizing it kessen leechhelle. Dêr siet in krâns yn. Doe ha se alles yn 'e hûs goed tichtmakke. Alle iepeningen. 't Kaeisgat en 'e skoarstien en alles. En doe...
nl.verhalenbank.27516
't Wie yn 'e oarloch.
Der wienen guon, dy woenen in grou keal oer de grins smokkelje. Mar sy leinen it snoad oan. Ynpleats fan in keal dienen se in dikke herdershoun yn 'e koffer.
Doe sei de douane: "Hwat ha jo dêr yn?"
"Dêr haw ik in houn yn", sei de man mei de koffer.
Doe moest de douane dy houn sjen.
De koffer woarde iependien en de houn sprong der út...
nl.verhalenbank.21163
Us mem fortelde: Der stiet in slot yn Hurdegaryp, dat hyt fan Bennema-state. Jouns sette se de hekken fan dat slot fêst.
Earst dienen se dat mei in gewoan slot, mar it bleek de oare deis altyd los to wêzen. Doe dienen se it mei in swier izeren ketting, mar dat joech ek neat. De oare deis stie de hekke iepen.
nl.verhalenbank.33339
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy stie altyd iepen. Wy tochten der altyd om, as wy der lânsrieden.
nl.verhalenbank.29404
To Hurdegaryp stiet in slot. Dêr stienen de hekken altyd iepen. Die men se ticht, sy gongen fansels wer iepen. Dy hekken koenen noait tichtbliuwe.
nl.verhalenbank.23100
To Hurdegaryp stiet in villa. Dêr is in hekke by, dy kinne se by nacht noait tichthâlde. Sy sizze, dat komt fan 'e aardstralen.
nl.verhalenbank.26120
Yn Hurdegaryp stiet in hekke, dy't net ticht to hâlden is.
nl.verhalenbank.33707
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman.
Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne.
De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042