Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
298 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dicht
To Hurdegaryp hat in slot stien, dat wie Bennema-state. Dêr wie in homeije by dat slot mei in hekke. Dokter Bontekoe wenne dêr. Dy hekke koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.38211
"De kikkerts lûke jim der yn", wurdt der tsjin 'e bern sein as se to ticht by 't wetter komme.
nl.verhalenbank.37877
In hiel soad doomnys hâlde yn 'e himel ta. Mar sy kinne dêr it ierdske noch net forjitte. As der oan 'e himelpoarte roppen wurdt: Terbant vacant, dan gongen der guon fan 'e doomnys stean. Waerd der roppen: Idaard met emeritaat! dan kommen de measte doomnys yn biweging. Mar waerd der roppen: Warga sine papa! dan die Petrus de himelpoarte gau ticht, hwant...
nl.verhalenbank.33423
Sa mat der to Hurdegaryp in hekke wêze by 't slot fan dokter Bontekoe, dy't út himsels altyd wer iepen giet yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36573
To Hurdegaryp hat eartiids in hekke west, dy't se mei gjin mooglikheit tichthâlde koenen. Se hienen der slotten op. 't Joech neat of se se op slot draeiden. In skoftsje letter stie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.33184
Froeger hat der in burgemeester op 'e Like wenne. Dat wie Panhuyzen. Dy wie smoarryk. Hy hie in protte plaetsen yn Grinslân. Ienkear yn 't jier dan reizge er dêrhinne om 'e hier. Dy van Panhuyzen wie ek frijmitseler. Mar hy hat in raer útein hawn. Hy gong mei in glêzen wein mei syn koetsier en syn frou en twa dochters nei de hierslju ta en doe't er al dat...
nl.verhalenbank.25731
Yn Hurdegaryp stiet in villa: Bennema-State, Dêr wenne froeger dokter Bontekoe. Dêr stie in hekke foar de tún, dy koenen se noait ticht hâlde. Dy gong fansels altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27654
Bennemastate dat is in slot yn Hurdegaryp. Dêr hat dokter Bontekoe wenne. Dêr dienen se jouns de hameije ticht en de oare moarns stie er wer iepen.
nl.verhalenbank.22843
To Hurdegaryp wie in hekke, dy't net ticht bliuwe woe. Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.29725
Banning had et ook met de heksen te doen. Ik kwam er es n keer en toen zee ie: “Siebring, jong, noe hewwe wat, de vrouw en ikke; wie hebt een hekse in et kuzn.” Ik zee: “Hoe kom ie daar toch bie?” “Nou, mien vrouw en ik slaapn dr niet van heur; de hiele nacht gien oge dicht had; et beweegt in t kuzn; zol ie naar de duvelbaander wiln veur ons?” Ik ze:...
nl.verhalenbank.44046
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy giet altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.23036
Mans har ook wol al zain, dat n wringe (een hek voor een weiland) zo man oopn en tou gung; dat was heksnwaark en d oal man muik zuk slim baange veur zukke dingen.
nl.verhalenbank.43926
Yn Topweer (yn Grinzer Pein) wie in doar yn in hûs, as se dy fêst dienen, dan wie er de oare moarns altiten los.
nl.verhalenbank.23783
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd iepen stiet: Froeger hat dêr in âld buorkerij stien, it slot is der letter kom. Doe't dy buorkerij der noch stie, ha in boer en in feint in freesliken rúzje krigen. Sy stienen as liuwen tsjin elkoar oer, by de daem, de feint mei 't mes iepen, de boer mei de bile. Doe hat de boer de feint mei de bile deahoud. Doe hat er...
nl.verhalenbank.19379
Ien dy't bitsjoend wie hie meastal in krâns yn 't kessen. Ik ha wolris sokke krânsen sjoen. De tsjoenster makke dy krânsen. 't Wie toverjen. De krânsen brânden se op en dan moest alles goed ticht wêze. De lju gongen faek by tsjoenderij nei Wopke om in drankje. Der wie ek ien út 'e Westerein, dy gong foar syn bern nei Wopke ta. Wopke joech him in drankje...
nl.verhalenbank.30516
Op Bennema-state to Hurdegaryp wenne froeger dokter Bontekoe. Yn dy tiid koenen se de hekke foar 't hiem noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen as se him ticht dienen.
nl.verhalenbank.31608
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Yn Hurdegaryp hat men in homeije, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.33143
Yn de âlde plaets fan Jan van Duinen hjir yn 'e Pein, dêr dienen se jouns de doarren goed op 'e skoattels, mar moarns stienen se altyd wer los.
nl.verhalenbank.27877
To Hurdegaryp wie alear in hekke mei in grouwe stiennen peal oan wearskanten. Die hekke gong altyd fansels iepen. Dat wie de duvel syn wurk. 't Wie tsjoenderij. Guon ha der yn 'e nacht wol by wekke.
nl.verhalenbank.29325
1