Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
298 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dicht
Yn Hurdegaryp is in homeije, dy sit noait ticht. Hy stiet altyd iepen. It jowt ek neat as men him ticht docht, hy giet doch fansels wer iepen, sels al bliuwe jo der by stean.
nl.verhalenbank.26004
Oan diz' kant Hurdegaryp stiet in villa. By dy villa wie in homeije, dêr stienen de hekken altyd fan iepen. As se de hekken ticht dienen, dan gongen se fansels wer iepen. Sy woenen wol biweare, dat dêr ien bigroeven lei.
nl.verhalenbank.23626
Ik en Jan Jagersma fan Kornhorn froegen us op 'e Grunniger klei bij in boereplaats of we doar sloapen mochten. De boer sei: "Jim kunnen doar beter niet sloapn. De deur goat altyd open." Moar wy woagden it doch. Wij deden een pakje floeikes tussen de deur. Moar de andere morgen was de deur wèl open. Een knecht fan de boer was doar fermoard worden. Doar...
nl.verhalenbank.27332
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
To Hurdegaryp mat in slot stien ha, dêr gong de homeije nachts ek altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.23829
Dyselde fint syn skoanheit wie koster yn Wynskoat. Dêr siet in hekke, dêr koenen se troch op it tsjerkhôf komme. Dy hekke koe syn skoanheit noait ticht hâlde. Altyd stie er de oare moarns iepen. Der wie hwat mei dy hekke. Doe hie hy foar syn skoanheit in swier ketting fan 't skip meinom, dat kom dûbeld om 't hek hinne. En in swier slot der by. Mar de oare...
nl.verhalenbank.23828
To Hurdegaryp stie in hekke, dy dienen se nachts ticht, mei sin, dan stie er de moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.27441
To Hurdegaryp hat in homeije stien by in slot, dêr gongen de hekken altyd samar fansels fan iepen.
nl.verhalenbank.25691
To Hurdegaryp wie in hekke, dy stie altyd iepen. Wy kommen der faek lâns. Ik haw him noait ticht sjoen. As se it dienen gong er fansels wer ticht.
nl.verhalenbank.25334
As wy yn Grinslân to flaechsteppen wienen, hearden wy dat dêr spûkskuorren wienen. As se de doarren yn sokke skuorren ek nòch sa skoattelen, se wienen de doare deis altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.23792
By dokter Bontekoe, yn Hurdegaryp, wie in hekke, dy woe noait tichtsitten bliuwe. Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.38198
Der binne huzen, dêr sit in gat yn, dat noait ticht kin, dat altyd wer iepen is. Ik ha 't gauris heard. Dêr hat de duvel mei to meitsjen.
nl.verhalenbank.31194
Yn Hurdegaryp, by it hûs fan dokter Bontekoe woenen de hekken nachts net ticht bliuwe. Dy gongen altyd fansels wer iepen. Sa wienen der ek plaetsen op 'e Grinzer klaei, dêr't de doaren samar fansels iepen gongen.
nl.verhalenbank.28200
Yn Hurdegaryp op Bennemastate stie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre gong er wer iepen en 't koe neat skele hòe fêst as se him makken. Mar ik leau der dêrom neat fan.
nl.verhalenbank.27641
Op 'e Langewyk hat mem yn in hûs wenne, dêr koenen de doarren noait ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.33191
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't se noait ticht hâlde koenen.
nl.verhalenbank.24162
Ik was een jongen van een jaar of zestien. Toen was ik is in Nieuwland en daar spookte 't bij de buurman. De pullen stonde op de schoorsteenmantel te danse. En in Noordeloos is 't gebeurd dat de deuren open en dicht vloge. M'n moeder zee: "Dan moet je zegge: Hier ben ik, hier' sta ik. In Godsnaam!"
nl.verhalenbank.57832
Ik haw ienkear mei yn 'e keppel west. Ik slepte yn in boereskuorre by Warffum. Dêr wie ek in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr gongen de doarren yn 'e nacht út har sels iepen en ticht. En dêr kaem ek wolris in greate, grouwe, swarte houn, dy't dêr yn 'e doar stean gong.
nl.verhalenbank.36572
By Bontekoe yn Hurdegaryp woenen de hekken noait ticht bliuwe. Hoe koe dat nou?
nl.verhalenbank.23619
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke dy't noait ticht bliuwe woe. Se ha der wol swiere kettings mei slotten oan hawn, it joech neat. Yn 'e neinacht stie er wer iepen.
nl.verhalenbank.38577
1