Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Marten Spiekstra fan Burgum fortelde my ris it folgjende:
Der siet in famke foar 't rút. It sil yn Burgum of omkriten west ha. "Heit," sei se, "der komme swarte mannen oan en dy wolle hjir in kiste troch 't rút triuwe."
Mar de heit seach neat.
In wike of hwat letter stoar der ien yn dat hûs. Der moest in kiste brocht wurde, mar dy koe net troch de doar....
nl.verhalenbank.37745
Sa haw ik ek alris de geast fan in geit sjoen.
Myn broer hie in geit, dy wie siik. Hy helle de féarts der by. Dy sei, de geit moest ôfmakke wurde: it beest hie in geswel yn 'e kop.
De geit siet yn 't hok. Ik tocht: ik lit it beest der aenst út, de bûtenloft sil him goed dwaen. Ik soe it dwaen, mar it gong my troch 't sin, ik forgeat it.
Yn 'e nacht...
nl.verhalenbank.37732
It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert.
Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se.
"Jawol", sei de boer.
In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe.
"Jawol", sei de boer.
Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in...
nl.verhalenbank.38588
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij.
Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei."
Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?"
"Jawol", sei de duvel.
Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587