Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Jehannes gong wolris mei heit to strunen. As de doar dan ticht siet, sei heit: "Dit is neat wurdich jong, dit kin net, de doar sit ommers fêst." Mar altyd krige Jehannes de doar los.
nl.verhalenbank.38258
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde.
Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
Imke de Jong wie in gûchelder, mar hy koe ek tsjoene. To Ljouwert hat er yn 'e gefangenis sitten. Mar de tuchthúsdoarren gongen samar foar him iepen. Der wie suver neat mei him to bigjinnen. Se ha him to Ljouwert op fjouwer plakken tagelyk ta de stêd út gean sjoen.
nl.verhalenbank.9649
Jehannes tsjinne by in boer as feint. Hy kaem jouns altyd like let thús. Dêr hie de boer syn nocht fan. Dêrom die er de doar jouns as it let woarde, op slot.
Mar it eigenaerdige wie dat Jehannes de oare moarns altyd op bêd lei. Hy hoefde noait iens in kaei to brûken, hy koe der altyd yn komme.
Doe gong de boer hinne en sette stuollen en tafels en fan...
nl.verhalenbank.38263
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd.
Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster.
Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze."
Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen.
En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Ergens yn in hûs yn Ten Post (Gr.) sieten in hiel soad katten. Dy sieten mei elkoar om in greate panne mei brij hinne. Mar sy kommen der net oan, hwant ien fan 'e katten hie sein: "Net earder ite of earst mat de dikke duif komme." It wienen allegearre tsjoensters, dy katten.
Der stienen minsken om 't hoekje fan 'e doar, en dy hearden dat dy kat dat sei....
nl.verhalenbank.18096
Tsjoensters hienen in wikseldaelder. By âlde Piters Willemke (Wybenga) hinge jouns in lege ponge oan 'e doar, dy siet dan de oare moarns fol jild. Hja wie in tsjoenster.
By Stammerige Harm hong ek sa'n ponge.
Willemke wie de beppe fan Geertsma. Geertsma syn mem wie ek in tsjoenster. Doe't dy stoarn wie, doarst net ien har biklaeije.
nl.verhalenbank.20907
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder.
In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne.
Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild.
Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
Doe wij woonden op Hanenburg hadden wij groente en haringen te koop. Der woonde een man op 'e heide, dat was hekseHarm. Dat was in tsjoenster. Daar waren wij doodsbenaud foor. Wij hadden een krús op 'e drompel op Hanenburg. Ik stuurde de kienders altyd gau naar bed als ie kwam om soute haring en ik deed de deurtjes dicht. 'k He de deur ook faak op slot...
nl.verhalenbank.24279
Flak by de skieding fan Twizelerheide, mar noch ûnder 'e Westerein, dêr wenne in feint, dy frijgeselle dêr by minsken. Hy wie der jouns in bulte op út en kom dan wol us let thús.
Op in kear, doe wied er ek wer let thús kom en hy gong by de tafel sitten. Se hienen dêr in liemen lier. Doe't er in skoftsje sitten hie, doe kom de frou, dêr't er by yn 'e kost...
nl.verhalenbank.20566
Martens Bauk hie in nicht, dat wie Griet. Dy lake altyd sa. Der koe net hwat wêze, of hja bigoun der om to laitsjen.
Jehannes sei: "Dat sil 'k har ris ôfleare."
Doe soed er har de rokken ôfsakje litte. Hja moest se mei gewelt beethâlde, en har broek ek, hja koe 't hast net forhinderje. Hja die gau de bêdsdoarkes iepen. Hja is doe nuver op bêd rekke. Mar...
nl.verhalenbank.38182
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat.
It bern is troch...
nl.verhalenbank.19305
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út."
Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús.
Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704