Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselers ha alyd hwat oan har hûs dat net ôfmakke is. It ûleboerd of sa. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Sy ha in forboun mei de duvel. Elk fan harren hat in wikseldaelder, dat sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27696
De plaets mei de stiennen ûlebuorden
Yn Wergea wenne in boer, dy hie in hiel âlde plaets.
Op in joun bigong it hiel bot to waeijen. De boer stie bûten en wie deabinaud dat de plaets omwaeije soe.
Doe kom der him in swarte gedaente op side.
Wêz mar net bang, sei dyselde. Ast dy oan my forkeapje wolst, stiet der moarn in nije plaets, foardat de hoanne noch...
nl.verhalenbank.17032
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten.
nl.verhalenbank.29443
DE DUIVEL VERJAGEN
Een boer uit Sterksel was de duivel te slim af. ‘Ik wil mijn ziel verkopen,’ zo zei hij tegen de duivel. ‘maar dan moet u me net zo lang geld blijven geven als er aan die boom bladeren zitten.’ En hij wees naar een boom die achter in de tuin stond. De duivel ging hiermee accoord en het contract werd met bloed bezegeld.
De duivel had het...
nl.verhalenbank.49605
DE DUIVEL VERJAGEN
Een jager uit Hapert verkocht eens zijn ziel aan de duivel. In ruil daarvoor kreeg hij zeven jaar lang kogels die altijd raak schoten. Het contract werd met bloed ondertekent. Er werd echter één voorwaarde in opgenomen waardoor de jager aan de duivel kon ontsnappen: wanneer de jager na zeven jaren, als de duivel hem kwam halen, een dier...
nl.verhalenbank.49607
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt.
Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade.
Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear...
nl.verhalenbank.33592
Frijmitselers binne freonen fan 'e duvel. Dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.33574
Lytse Remmelt de Haan, dy't meastal Pints neamd waerd, wie in frijmitseler. Hy joech altyd mar twa fingers as er ien lokwinske. Hy hie in kontrakt mei de duvel sluten, seinen se en hie dêrtroch noait gebrek oan jild.
As der in frijmitseler yn 'e earmoed rekket, wurdt er altyd troch oaren holpen. Men kin der net wer by wei, as men ien kear lid is. Der...
nl.verhalenbank.31613
D’r ston es ’n soldoat op wach. ’t Was ’n harde wienter. En ’t was bar koud. En de soldoat zèj: “’t Is toch wa um soldoat te zien. Lot de duvel mar soldoat speule!” Hé’j zette zien gewèr ien ’t schildwachhuuske en hé’j liep en stampte hin en wer um de kou wa te verdrieve. Opens hördenie wa. D’r kwam iemand on. De soldoat greep zien gewèr en riep: “Halt,...
nl.verhalenbank.50212
Frijmitselers wienen fan 'e duvel. Se binne noait sûnder sinten. As se forlet fan jild ha hingje se op 'e telle in lege ponge op en dy is dan de oare deis wer fol jild.
nl.verhalenbank.33617
Frijmitselers hawwe har oan 'e duvel forkocht. Sy kinne jild krije safolle se mar ha wolle. Mar har siele binne se kwyt. Dy hat de duvel fan har kocht.
Jitse de Vries fan Ikkerwâld wie frijmitseler. Dy hie in winkel. Hy [koe] krije hwat er mar ha woe. Hwer kommen dy sinten wei? Der woarde sein, as er wer jild ha moest hong er jouns in lege ponge oan 'e...
nl.verhalenbank.33211
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild.
Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht.
De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Frijmetselers binne kûgelfrij. It ark - de troffel ensa - komt mei yn 'e kiste, as se dea binne. Hja ha in forboun mei de duvel. De duvel keapet har foar in som jild. Se binne dus oan 'e duvel forkocht. It jild waerd de jouns neidat de keap oangien wie, ta de skoarstien yn smiten. It kontrakt is mei bloed ûndertekene. Dêrtroch kinne jo net wer by de...
nl.verhalenbank.37670
Het boze oog fynt men by de frijmetselers yn it gebou dêr't se yn by elkoar komme. Jehannes Meerstra wie ek in frijmetseler.
Frijmetselers sitte meielkoar yn in klub. Se ha noait gebrek oan jild. Dat jild krije se fan 'e kweade. Se ha in forboun mei de duvel sluten. Dêr is in kontrakt fan en dat bliuwt altyd geldich. Se ûndertekenje it mei har eigen...
nl.verhalenbank.37894
Der wie in boer, dy syn pleats wie skjin to'n ein. Hy moest noadich in nije boereplaets ha, mar hy hie der gjin jild foar. Hy wie al faek op sjou west om jild, mar 't joech neat, hy koe gjin jild krije.
Doe kom der him ris in kear ien op side.
It wie de duvel.
"Hwannear moat de plaets klear wêze?" sei er.
"Leafst sa gau mooglik", sei de boer....
nl.verhalenbank.25248
Harm Teunissen hie in herberch op 'e Harste oan 'e Hearrenwei. Hy hie ek in pear beesten op. Hy sûpte as in kreupel en dochs hâldde hy de saek. De minsken koenen har dat net bigripe.
Mar dat kom, seinen guon, hy hie him forkocht oan 'e duvel.
Hy hie in tontsje op 'e souder stean en dat rekke noait leech. Dêr soarge de duvel foar. Dy makke it altomets wer...
nl.verhalenbank.33358
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke.
Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
nl.verhalenbank.27923
Stammerige Harm wie in tsjoenster. Se woenen him net by 't fé ha. Hwant dan waerd it siik. De bargen krigen forkearde bichjes. Harm hie noait forlet fan jild. Hy hie in wikseldaelder. Dêrfoar hied er him oan 'e duvel forkocht.
Wie it jild op dan hong er in lege ponge oan 'e doar.
Itselde dogge de frijmitselders.
nl.verhalenbank.33766
Der wie in man dy hie forlet fan jild. Hy kom mei de duvel oerien, de duvel soe him jild jaen. De man moest syn hege hoed oan 'e hoannebalke hingje en dan soe de duvel dy folsmite. As er fol wie, rekke de man syn siele letter kwyt.
Doe hat dy man de plasse út 'e hoed weinom en sa hat er him ophong. Doe bigong de duvel to smiten. Mar de hoed rekke noait...
nl.verhalenbank.33216
De stiennen ûlebuorden.
Der wie in boer, dy wenne ergens boppe Ljouwert. Hy hie nei stêd ta west, nei de merk en wie nou op 'e weromreis. It wie min, stoarmachtich waer en de boer siet tige oer syn minne, âlde skuorre yn. Hy wie deabinaud, dat dy der oan gean soe.
Sa nou en dan suchte hy der oer.
Doe kaem der in menearke njonken him. Dy sei: "Hwat suchte...
nl.verhalenbank.21259