Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: cel Place of Narration: Drachten
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje. Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis. Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Heit hat mei Ymke de Jong ûnder tsjinst west to Ljouwert. Hy woe net ûnder tsjinst. Hy sette it altyd tsjin 'e oerheit yn 'e kant. "Hier temt men leeuwen en beren, maar mensen niet", sei er, doe't se him opsluten yn 'e sel. Hy wie der samar wer út. Der wie net in doar tsjin him bistand. Dienen se him de boeijens om, hy hie se samar wer ôf. Se koenen him...
nl.verhalenbank.37135
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74. Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten. Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op. Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los. Beppe sei:...
nl.verhalenbank.33779
Yn Feanhuzen yn 'e gefangenis siet in keardel, dy koe mear as gewoan. Hja hienen 't op in kear oer wyn. Hy sei: "Wolle jim graech wyn ha?" Doe gong er by de tafel sitten. Doe stroomde de wyn samar oer de tafel hinne. Ik wie der ek by en ha 't sels sjoen. Mar wy ha der net in drip fan hawn.
nl.verhalenbank.25573
Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte. Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme. Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte. De wacht moest melde as hy der wie. Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
nl.verhalenbank.25589
1