Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west.
Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?"
Sy waerden sels ek in bytsje bang.
Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde.
It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen.
Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje.
Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine.
Dêr rinne se dan achteroan.
Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
Knjillis- en Piter Alma wennen yn 'e Harkema. It wienen bruorren en sy gongen faek togearre der op út to murdejeijen.
Op in joun wienen se wer op stap. Doe seagen se twa bern boven op 'e dyk, dy hienen oars neat oan as in wyt himdtsje. Knjillis en Piter moesten dêr lâns, mar sy koenen net fierder komme. Doe woarden se sa binaud, dat sy binne hurd útnaeid....
nl.verhalenbank.19553
Wy ha wol us to murdzjen west. Doe ha wy in kear in wite juffer by de ikene beam sjoen.
nl.verhalenbank.20675
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean.
Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
By de lytse Wei yn 't Leech yn Droegeham wenne Harm Schievink.
Dy hie us op in nacht to murdejeijen west. Hy gong wer op hûs yn. Doe't er op 'e Lytse Wei wie, kom der in dikke swarte houn njonken him to rinnen, deun tsjin him oan. Dy bleau mar njonken him en dy bleau mar njonken him. Doe't er thúskom en ta de doar yn woe siet dy houn der foar op 'e...
nl.verhalenbank.26236
Der wienen op in kear twa murdejagers yn 'e Bosk. De iene wie myn omke Piter (= P. Alma). 't Wie yn 'e nacht. De hounen wienen ynienen deabinaud. Sa kommen se by de murdejagers. Doe seagen dy twa neakene berntsjes sweven.
nl.verhalenbank.25766