Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
nl.verhalenbank.28089
Us heit Piter wie noch mar even troud. Op in kear sei ús mem: "Sille wy even nei myn folk ta?" "Bêst", sei heit.
Doe't se wer op hûs ta roannen, gongen se oer in sânreed. Heit sei ynienen tsjin mem: "Pas op, gean hwat oer side. 't Is hjir allegear wetter."
"Ei né," sei mem, "der is gjin wetter."
"Doe," sa fortelde heit letter, "stie 'k foar twa keardels,...
nl.verhalenbank.21209
Myn omke mocht graech murdzje. Op Luchtenfeld stie in âld plaets, dêr wenne Sipke Lindeboom yn. Op in joun gong omke der op út. Doe't er dy plaets in eintsje foarby wie, de kant nei de Skieding op, kom der him in great beest tsjin mei gleone egen, sa great as thékopkes. Omke bleau stean en it beest bleau èk stean. Omke woe hwat better sjen hwat beest as...
nl.verhalenbank.27264
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
Twa mannen wienen to murdejeijen. Mar sy fangden dy nachts neat. Doe seach de iene hwat.
"Duvel Jan," sei er, "hwat is dat in moai murdtsje." Mar hwer wienen de hounen? Hja fluiten, mar de hounen kamen net. De hounen wienen binaud. Doe sei Jan: "It komt, sa't it komt, mar as de hounen dat bist net oandoarre, dan rêd ik der mei."
En doe rekke er mei dat...
nl.verhalenbank.17639
Ik en myn neef Bareld wienen us togearre op in joun to murdzjen. Wy soenen wer nei hûs ta. Ik brocht him de Houtigehage in ein út. Doe't wy oan Wytse Hiddema syn lân ta wienen seagen wy dêr yn 'e nacht twa froulju, dy dânsen omelkoar hinne. En dat floddere mar en dat floddere mar. Wy koenen se wol, 't wienen susters en dikke tsjoensters beide. Even letter...
nl.verhalenbank.17660