Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217
To Eastemar wienen twa manlju oan it murdzjen. "Hark," sei de iene tsjin 'e oare, "dêr sjonge froulju." Hja dêr hinne, mar doe siet der in keppel katten yn 'e beam, dy't songen, krekt as wienen it froulju. It wienen echte sankjes, dy't se songen. De manlju setten it hurd op in rinnen.
nl.verhalenbank.15745
Ik wie no oan 't murdejeijen mei Tseard Postma. Underweis siet der in murd ûnder in takkebult. Doe't de houn der by wie, stie der ynienen in hiele greate keardel by ús. Krekt as wied er út 'e groun forriisd. Ik hie noch noait sa'n greaten keardel sjoen. It wie in reus en hy hie in greate swarte cape om. Hy bigoun to praten en sei: Sil ik jim byljochtsje?...
nl.verhalenbank.17005