Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Twizelerheide droegen de bern in pûdtsje mei duveldrek ûnder 'e klean om 'e hals, om feilich to wêzen tsjin tsjoensters.
As de kij net rjocht goed wienen, dan wienen se bitsjoend, dan krigen se by ús yn Jistrum duveldrek tusken de hoarnen.
Ek lei der altyd duveldrek yn 'e finsterkes fan 'e stâl. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen. Dat wie dus om 'e duvel to...
nl.verhalenbank.31190
Frits Klunder syn fanke wie ek pleage woarn troch in tsjoenster. Sûnt droech it fanke in touke om 'e hals mei in pûdtsje mei duveldrek der oan. (F.K. wennet nou yn Bûtenpost)
nl.verhalenbank.20052
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
Hearke wie ek us in kear ûnderweis, doe kommen der twa op him ta. Dy woenen him oanfalle. Hearke hie jild by him.
"De sinten of 't leven", seinen se.
Hearke hie in dikke iken stok by him. Hy sette it ponkje mei jild, dat er droech, op 'e groun en sei: "Hwa't der 't neist oan ta is, dy pakt it mar."
Ien fan 'e beide mannen bûgde him en woe 't pakke, mar...
nl.verhalenbank.19937