Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Janne hiet it minske fan it folksloazjemint.
Alle omstippers krigen dêr ûnderdak. Mar sy moesten fantofoaren bitelje. Janne hie ek in âld man yn 'e kost. Dy koe net sa hurd ite.
Mar dêr koe Janne net op wachtsje. "O, bist noch net klear?" sei se. En al wie it board dan ek noch heal fol ierappels, dan kletste se de brij der by yn.
Op in kear kom Jan Kluwer...
nl.verhalenbank.16843
Der wie in jongfeint, dy sei, hy wie net bang foar de duvel.
As hy jild fan 'e duvel krije koe, dan naem hy dat yn tank oan. Dat wie yn 'e kroech, dat er dat sei. Doe moest er yn 'e joun de Twizelerwei lâns. Doe hie dêr ûnderweis ien west - hy koe net sjen hwa of hwatte - dy hie in ponge mei jild hinne en wer skodde. Hy hearde it jild rinkeljen. Dat hat...
nl.verhalenbank.36549
Stammerige Harm roan altyd mei in sekje op 'e rêch. Dêr hied er guod yn dat er opskoaide. Hy seach der sútrich út en wenne yn in hiel âld klintsje. Hy koe tsjoene. Fan jild hie er noait forlet. Moest er jild brûke, dan hong er de lege ponge bûten oan 'e doar. De oare moarns wie dy fol jild. Hy hie ek in wikseldaelder.
Wy hienen hjir in winkelman, dat wie...
nl.verhalenbank.34623
Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele.
Hy fortelde us oan Ringer:
"Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. -
- Kinst wol jild krije...
nl.verhalenbank.20456
Frijmetselders wienen kûgelfrij. Meine Wykstra sei ris: As ik troch Amsterdam of troch Ljouwert kom, sil ik jo de huzen oanwize dêr't frijmetselders wenje. Hwant dy huzen binne noait ôfmakke. Dêr mat altyd noch it iene of oare oan dien wurde.
Dy frijmetselers ha allegear in lyts kistje mei allerhande soarte fan ark der yn. Sadré't der ien overleden is,...
nl.verhalenbank.36938
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel. 't Wie in tsjoenster. Men moest him fral net by 't fé litte. Dan woarde 't siik en 't gong dea.
Harm hie him oan 'e duvel forkocht, krekt as de frijmitselers. Dy ha noait forlet fan jild. Hja hingje jouns de lege ponge mar oan 'e kruk fan 'e doar, dan is er de oare moarns fol.
nl.verhalenbank.36873