Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mem (dat wie Thomas Klare, Klare van der Heide, in bikende kaertlizter) tsjinne yn Drachten. Minse Griper sei: "Klare, sil 'k strak mar us in grapke mei dy ha?" "Né," sei Tryn, dat matst net dwaen." Mar hy die 't àl. Mem wie oan 't Dwarsfeartster houtsje ta, doe sakken har de rokken ôf. Dat died er ek mei it toverboek.
nl.verhalenbank.17646
Mike Ruerd (Ruerd v/d Veen) fan 'e Harkema hie yn 'e Ham oan 't timmerjen west. Hy wie op wei werom nei hûs ta. Hy gong de binnenpaden troch oer de houtsjes hinne. Doe wie der him ien op side kom. Ruerd wie in hiel rûch man en hy sei alles op in foarse toan. Sa hat er dyselde ek tasprutsen fansels.
Mar doe wied er smiten woarn boppe oer de beammen hinne....
nl.verhalenbank.17585
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738