Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom."
Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde."
Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Mem (dat wie Thomas Klare, Klare van der Heide, in bikende kaertlizter) tsjinne yn Drachten. Minse Griper sei: "Klare, sil 'k strak mar us in grapke mei dy ha?" "Né," sei Tryn, dat matst net dwaen." Mar hy die 't àl. Mem wie oan 't Dwarsfeartster houtsje ta, doe sakken har de rokken ôf. Dat died er ek mei it toverboek.
nl.verhalenbank.17646
Guon ha in toverboek. Alde Ritske Aeltsje hie ek ien, seinen se. Dy koe tsjoene. As se oan 'e iene kant fan 'e wyk stie to praten, wie se in sekonde letter oan 'e oare kant, sûnder dat der in brêge wie.
Gjerte Iebel koe ek tsjoene.
nl.verhalenbank.21891
By 't Blauhûs, oan diz' kant it Surhústerfean leinen froeger houtsjes, dêr koe men oer om fan Boelensloane nei 't Fean ta. Dêr spûke froeger in koe. Dy joech lûd as wy krekt oan 'e beamkes ta wienen. "Hark dêr balt er wer", seinen se dan. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.28135
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen.
Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Jan Hepkes soe us nei Ljouwert ta oer iis. Hy bynt him op op 'e feart yn 't Fean en sa rydt er op Ljouwert yn. Underweis komt er by de Skûlenburchster brêge.
It is net rjocht fortroud om dêr ûnder troch to riden. De riders klauwe allegear oer de wâl hinne en geane de oare kant de brêge wer op 't iis, mar Jan tinkt: "Ik mat my mar hwat ôfsette. Ik wol dêr...
nl.verhalenbank.26094
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738