Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: brug Narrator Gender: female Place of Narration: Nijega
Yn 'e omkriten fan Nyegea moat in brêge west ha, dêr doogde it net. It wie gefaerlik dêr oerhinne to riden. Dêr is hiel faek in ûngelok gebeurd. Soms wie 't, as der in wein oerhinne ried, dat de fjilden samar oer de leuning fan 'e brêge hinne gongen.
nl.verhalenbank.11493
Yn Drachten oer de feart lei in barte, dy waerd neamd 'de hobbelplanke'. Ien hat sjoen, dat dêr ris ien fordrinke soe. It barde jierren letter. Doe is myn omke dêr yn 't wetter rekke en forsûpt. Krektlyk as dy persoan it sjoen hie, sa gebeurde it.
nl.verhalenbank.11492
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Foar in tachtich jier stie der in âld man to Drachten by de draei. It wie in sekere Doeke. Hy sei tsjin 'e minsken: "Jimme moatte jim foar dit plak hoedzje, hwant hjir komt ien to fordrinken." In pear jier letter gebeurde it.
nl.verhalenbank.11539
Der wie ien dy koe ôfgryslike hurd ride. Op in kear ried er yn in wek ûnder in brêge. Syn holle woarde troch it iis ôfsnien. De holle glide fierder oer it iis en it lichum ûnder it iis gong lyk mei op. Dat doe kommen dy holle en it lichym tagelyk by in wek ûnder in oare brêge. De holle kom wer op 'e romp to sitten en de man ried fierder, krekt as wie der...
nl.verhalenbank.12536
35