Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In wearwolf, dat wie krekt sa'n ding as in nachtmerje.
In wearwolf kom by de manlju, in nachtmerje by de froulju. Ien fan sawn bruorren wie in wearwolf, ien fan sawn susters in nachtmerje.
nl.verhalenbank.20388
Fan sawn bruorren út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
In wjerwolf koe in oar samar opfrette.
nl.verhalenbank.36885
Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgen, wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.36323
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje, sizze se. Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Tsjin nachtmerjes die men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36313
Fan sawn bruorren is ien in wjerwolf. Op 'e ein fan 'e Drachtster Dwarsfeart hat ien wenne. Dy moest bytiden ien formoardzje.
nl.verhalenbank.36271
In wjerwolf is ien dy't alles ha wol, in geit, in skiep, in baerch, in minske. Ien fan sawn bruorren is in wjerwolf.
Hy mat faek hwat forskuorre.
nl.verhalenbank.37378
Fan 'e sawn bruorren is faek ien in wjerwolf. It is de âldste of de jongste. Hjir wie sa'n húshâlding. Dat wie Lammert Roek. De jongste, seinen se, wie in wjerwolf. Sa'n wjerwolf hie de natuer fan in wyld dier.
nl.verhalenbank.20528
Ien fan sawn susters dy't op elkoar folgje, is in nachtmerje. Ien fan sawn bruorren in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19881
In wjerwolf is in keardel krektlyk as wy. Mar hy hat in oare natuer.
Yn 'e Tsjerkebosk wie 't is op in joun lotsjen. Dat dienen se winterjouns om sinteklaes hinne mei dobbelstiennen. Ik wie 't hûs yngong dêr't se dat diene en der stie in feint njonken my. Doe biet dy feint my samar ynienen yn 't skouder, sûnder dat ik der op fordacht wie.
"Hwat bytstû...
nl.verhalenbank.17099