Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
Op 't lêste ein fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs spoeke in houn mei in brijpot om 'e hals. 't Wie in read-stiennen potsje, mei brij der yn, sûnder sleef.
nl.verhalenbank.24239
Op 'e Hearrewei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.15806
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
Hjir op 'e reed, dêr't wy wenje spûket in fôlle mei de brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.38639
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
Op 'e Sweager lânnen rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.20510
Yn 'e Folgeren wie in hekke, dêr stie nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals by.
nl.verhalenbank.16505
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals.
Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie.
Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
To Ikkerwâld op in reedtsje, by de beantsjeboer roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen de bern froeger fjûrbinaud foar.
Hjir op 'e Wâl, op 'e oare ein, roun èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.38202
Yn Twizel rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37657
Der roan nachts yn Aldegea ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen de minsken bang foar.
nl.verhalenbank.36777
Der spoeke yn Aldegea ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22702
Op 'e Feansterheide by Folkert en Klaes rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeket dêr.
nl.verhalenbank.27134
Tusken Durk Reitsma en Hindrik Kooistra, op dat eintsje wei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.36603
By 't Spoekeboskje (froeger Lútsensboskje) to Garyp spoeke in fôlle mei in brijkrûk (brijkanne) om 'e hals.
Dêr wienen guon binaud foar.
nl.verhalenbank.23030
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684