Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Rixt hie forkearing hawn mei in feint. 't Wie hast oan trouwen ta west, mar doe hie dy feint har yn 'e steek litten. Letter wie hja ris in kear op in feest. It wie dânsjen. Dy feint wie der ek.
"Och hea leave," sei Rixt, "wiestû dêr ek? Nou, wy matte gau even togearre dânsje, net?" En hja hie him beet krige en ûnder 't dânsjen sa bot oankrûpt, dat alle...
nl.verhalenbank.25208
Imke en Durk fan Imke
Heit hat ik ek meimakke, dat Imke de Jong op Eastermarre merke stie te gûcheljen en doe kaam der in boeresoan ut Jistrum by. Dy wie mei in hynder op 'e merk. Hy lake wakker en hy hie in smoarge, fize bek tsjin Imke. Imke waard lulk. Hy sei: 'Jonge, dû meist wol sjen, datst thuskomste, want ik tink net datst jûn mear hellest'. Dat dy...
nl.verhalenbank.13020
Klaes Bosma wenne to Nijtap njonken dikke Bôkke (v.d. Burg) op 'e plaets fan Hedzer Brandsma. Hy forlear dêr syn frou. Hy biloofde har fan tofoaren, hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude mei in sekere Aeltsje. Doe't se fan 't gemeentehûs werom kommen, siet syn earste frou ek yn 'e wein. Hja kom letter hyltyd wer by him....
nl.verhalenbank.24942
As jo ien hwat bilove, foardat er stjert, moatte jo dy bilofte neikomme, oars krijt de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.33340
Sjoerd de Graaf syn soan hie in famke. Sy wie us in kear oan 't boartsjen, doe sei se tjin har mem:
"Der gebeurt joun in ûngelok."
Deselde jouns bruts se it earmke. Dat der hwat gebeurde soe, wist it bern fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24813
In neef fan my, dat wie Oetse Deelstra. Dy wie ek o sa sterk. 't Siet him yn 't laech. Hy libbet noch en wennet nou yn Drachten.
Op in kear wienen Oetse en ik der togearre op út. Doe kommen wy in elzenebeam foarby, dêr siet in eksternêst yn. Dy beam stie yn 'e wâl en hie in stamme fan sa'n 15 cm trochsné.
"Hea jonge," sei Oetse tsjin my, "soenen dêr ek...
nl.verhalenbank.33702
Yn Aldskoat wie ris in bigraffenis. Doe't it folk op 't tsjerkhôf wie soenen se de kiste sakje litte. Doe sei it lyk ynienen: "Lit my der út. Ik ha 't hjir sa binaud!"
Doe lieten de dragers de kiste los en dy plofte yn it graef.
Sy naeiden allegear út, hals oer de kop. Der wie in âld-minske by, dy wie sa rimpen, dat hja stroffele oer in sark en bruts in...
nl.verhalenbank.26050
As der ien bitsjoend wie gongen se meastal nei Jonge Jan (Benedictus) om guod. Dat wie de duvelbander fan 't Wytfean.
Hy sei dan: Jimme matte al oppasse, hwant der kin ûnderweis wol us in kat of in houn of in hazze by jimme opspringe, dy't it fleske stikken meitsje wol. (Dat wie dan de tsjoenster)
nl.verhalenbank.26118