Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
nl.verhalenbank.25255
Yn 'e Boelensloane wenne in man, dy 't altyd kaertspile, nachts en deis. Op in nacht krige er sa 'n wân op 'e hûd, dat hy raesde it út. Doe woarde er yn 'e feart smiten. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. De man doarst yn 't earstoan net bûten to kommen.
nl.verhalenbank.17398
Ik ha faek heard dat de minsken seinen: dat en dat hûs mat nochris ôfbrânne. Dy en dy ha 't brânnen sjoen.
Sa hearden se ek faek timmerjen op plakken dêr't neat wie, mar dêr't letter in hûs kom to stean. Dat wie hjir yn 'e Boelensloane algemien.
nl.verhalenbank.36183
Achter 't hûs hie Halbe Scheper in hokje to stean, dêr hie er de petroaljefetten yn.
Op in kear is er yn 't hok mei de lantearne by him. Hy sil hwat oalje yn in bus dwaen.
Der leinen twa fetten. 't Iene wie fol, 't oare wie er mei oan 't pompen.
De lantearne falt om en der ûntstiet brân.
Halbe pakt earst it iene fet dat oandien is en smyt it ta de doar...
nl.verhalenbank.25101
Op in kear wie ús heit to jounpraten nei Wipk-moai en Sibrich-moai. Dy wennen oan 'e betonwei, njonken dokter. Heit hie Knjillis-om ek meinom.
Doe't it let woarde, sei heit: "Wy matte ek mar us wer nei hûs ta." Doe't heit en Knjillis-om op 'e betonwei stienen, seagen se allebeide de kant nei 't kleaster út.
"Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare....
nl.verhalenbank.21211
Froeger seagen wy hjir en dêr wolris in hûs yn 'e brân stean, dan brânde dat hûs letter op. Ek seagen wy by joun wolris op guon plakken in ljocht, dêr't dan letter in hûs kom to stean.
Ik wyt noch wol dat pake sei: Hjir by 't poeltsje dêr komt in nij hûs to stean. Dêr ha 'k wol hûndert kear in ljochtsje brânnen sjoen. Dêr is letter èk in hûs kòm.
nl.verhalenbank.15908
Ik wie noch in lyts jonkje, doe kom der ien skean de lânnen oer op ús hûs ta. Doe't er oan ús ta wie, sei er tsjin heit:
"Né, 't is doch goed."
"Hwat is der dan?" frege heit.
Hy sei: "Ik seach jimme hûs yn 'e brân. It brânde alhiel op. Mar nou't ik tichterby kom, wie 't sa net."
"Dû hast dy forsjoen", sei heit.
"Né," sei er, "ik ha 't dúdlik brânnen...
nl.verhalenbank.28327
Doe't ik in jonge wie wennen wy op 'e Bulten yn 'e Harkema. Op in kear wie 'k mei mem bûtendoar, doe sei mem: "Sjoch, Piter Schievink syn hok stiet yn 'e brân." Ik seach it like dúdlik as mem. Mar it wie sa net.
Trije wiken letter brânde it op.
nl.verhalenbank.28079
Fjirtich jier lyn kom ik op in moarn op 't wurk. Doe kom Wibe Doetsjes op my ta en sei: "Jonge, hwat wie ik fan 'e moarn yn 'e war om dy."
"Om my?" sei 'k.
"Ja, om dy. Dyn hûs stie yn 'e brân", sei er.
"Dan wie 't niis al wer út," sei 'k, "hwant ik kom nou krekt fan hûs."
"Ik ha 't brânnen sjoen", sei er. "Ik koe de lôge troch de popelieren beammen hinne...
nl.verhalenbank.24907
Hjir flak by stie in hûs, dat wie al in pear kear opbrând. De lêste kear wie der fé mei yn forbrând. Dêr joegen se ien de skuld fan.
Yn dat hûs doogde it letter net. Der stie jouns in man neaken yn 'e hoeke fan 'e keamer. Sy wolle wol ha dat dat dyselde wie dy't it spul opbrând hie en dat er dêrtroch gjin rêst krije koe. Dy wie doe al dea.
De minsken dy't...
nl.verhalenbank.24443