Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: bouwen Place of Narration: Surhuisterveen
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat. Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie. 't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
De Aldehou to Ljouwert is boud op kouwehûden.
nl.verhalenbank.29143
Ik ha by Rypke Atsma yn 'e Harkema tsjinne. Ik wie sawntsjin jier doe't ik dêr wenne. Rypke Antsje har heit wie in Warmolts, dy wie us in kear flak by it plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet. Hy soe fierder rinne, mar hy koe net. Hy moest stean bliuwe. Doe waerd it him ynjown, hy moest Gods wurd forkondigje. Op datselde plak. Doe is dêr troch...
nl.verhalenbank.22162
Op in joun seagen wy by de Skieding wylde lantearnen. Dy bleauwen dêr op trije plakken stean. Op dy trije plakken kommen letter twa hûzen en in skoalle. De skoalle stiet der noch, de huzen net mear. 't Wie op 'e Skieding fan Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.25396
Der wie in boer dy woe graech in nije pleats ha, omdat de âlde tige min wie. Mar hy koe 't net bitelje. Doe kom de duvel by him. Dy sei: "Ik sil jo in nije pleats sette litte. Dy sil klear wêze foardat de hoanne moarnier kraeit." Dan wie de boer oan 'e duvel forkocht. Wie de pleats dan noch nèt klear, dan wie er frij. De oare moarns bitiid doe klapte de...
nl.verhalenbank.25392
"De wettertoer fan Ljouwert mat ôfbrutsen wurde." "Hwerom?" "Ien fan 'e mitselers syn pet leit der noch ûnder."
nl.verhalenbank.29280
Seagen de lju froeger wylde lantearnen, dan woarde der sein: "Dêr komt in hûs to stean."
nl.verhalenbank.22061
Dêr't wy froeger wenne ha, tichte by de Fjouwerroede ha se yn 'e nacht faek timmerjen heard [en] is der letter in nij hûs kaem. Dat fortelden heit en dy dan, mar hokker hûzen dat wienen wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.37526
Wy kommen to wenjen yn 'e Harkema njonken de Kristlike skoalle. Dêr hienen wy in hûske kocht, in lyts burgerhûske. Ik wie dêr ferver. Op in nacht sprongen ik en myn frou beide kjel oerein yn 't bêd. Der woarde timmere en wol sa dúdlik as gebeurde it flak by. Ik der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen. Ik roan de hiele buorren lâns, hwant ik woe 't...
nl.verhalenbank.22050
Wy hearden yn ús eigen hûs timmerjen it jiers foardat wy in nij hûs krigen op itselde sté. Yn dat nije hûs kommen wy doe to wenjen.
nl.verhalenbank.27229
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
35