Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre.
Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan.
Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
To Garyp stiet oan 'e wei nei de polderdyk in hûs, dêr wennet nou Lammert Slofstra. Froeger stie dêr in âld hûs foar, doe wie 't nije dêr noch net. Mar guon wisten fan tofoaren al dat it nije dêr komme soe. Dy hienen dêr timmerjen heard en oare lûden dy't men by 't bouwen observearret.
nl.verhalenbank.32112
As in tsjerkje op in plak in ein út it sintrum fan it doarp stiet dan is dêr faek in oarsaek foar to finen. De lju ha net witen, hwer't se it tsjerkje delsette moesten. Doe ha se in koe loslitten en dy rinne litten. Dêr't dy koe lizzen gong, op dat plak bouden se it tsjerkje.
nl.verhalenbank.21344
Rypke Paulusma wie rider fan ds. v. Herwaarden fan Garyp. Hja rieden us in kear nei Ljouwert om healwei seizen yn 'e winter. Samar ynienen woarde it reau op 'e berm set. Der stie in muorre foar 't hynder, it beest koe net fierder. Dêrom moest it wol oerside.
De doomny en Rypke seagen de muorre allebeide.
Letter kom dêr de tsjintwurdige brêge.
It gebeurde...
nl.verhalenbank.21785
Yn 'e Wierren tusken Aldegea en Nyegea en Garyp wie 'k faek oan 't fiskjen. Moarns en jouns ljochte it dêr altyd en oeral. Op 'e selde plakken kommen in jier of trije letter huzen to stean. Yn 'e Earnewarren krektengelyk.
nl.verhalenbank.24625
Heit fortelde, hy wie ris yn 'e Earnewarren yn 'e Mieden oan 't wurk. Doe seach er ynienen de sinne skinen op 'e blauwe pannen fan in plaets, wylst dy dêr net stie. Doe seach er de pleats yn syn hiele hear en fear. Letter kaem op dat plak de plaets fan Gjert van der Iest to stean.
nl.verhalenbank.32491
Al hiel lang lyn, doe't de strjitwei fan Ljouwert nei Grins der noch net wie, hearden skippers op it Swartkrús geduerich dat der weinen oer in brêge rieden.
Der wie doe noch net in brêge, mar letter is dy brêge dêr kaem. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31416
Ik bin geboaren yn 1893 op 'e Sumarreheide. 't Hûs stiet der noch. Dêr hearden heit en dy geregeld timmerjen flakby, wylst dêr doch net in timmerman oan 't wurk wie. Ek oare lju, dy't tichteby wennen, hearden it.
Letter ha se op dat plak, dêr't de lûden weikamen in nij hûs del set. Dêr kom Foppe de Graaf yn to wenjen.
Dat hûs is nou ôfkeurd.
nl.verhalenbank.23039
Faek hearden se hjir froeger timmerjen, sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd. Op sa'n plak kaem dan letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.31504
Ek op in kear, doe kom myn broer fan 'e jongelingsforiening thús. 't Wie sahwat tsien ûre op 'e joun. Hy soe op bêd, mar doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde mei stiennen en latten smiten en der woarde timmere. It lûd wie op it plak dêr't er sahwat wie. Hy gong net earder op bêd foardat it lûd út wie. Hy stie der nei to harkjen en wachte oant it...
nl.verhalenbank.23098