Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
It wie yn 1907. Wy wennen yn 'e Warmoldsstrjitte, hjir yn 'e Harkema. Mem en dy slepten yn 'e foarein fan 't hûs, mar sy hearde nachts timmerjen yn 'e achterein. Dat hearde se wol trije nachten achter elkoar.
Mar der wie neat. Der woarde net timmere. Doe't se ècht oan 't timmerjen rekken, wie 't wol tsien wiken letter. Mar doe timmeren se oerdeis, mar net...
nl.verhalenbank.21220
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Mem hat faek forteld, dat se froeger timmerjen hearden yn 'e Harkema op plakken dêr't dan letter in nij hûs kom to stean.
nl.verhalenbank.29329
Wy wennen hjir yn 'e Harkema yn in hûs oan 'e Warmoltsstrjitte. Myn man sei op in moarn: "'k Ha de hiele nacht timmerjen heard hjir op 'e tún. En der woarde mei balken omsmiten en mei stiennen. Hjir kin wol ris hwat komme."
In pear jier letter woarden der trije greate timmerhokken boud op 'e tún. Doe wienen wy 't hiele gefal al forgetten, mar 't kom myn...
nl.verhalenbank.22250
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Edzers Griet (^) sei op in kear tsjin my: Hjir foar my oer komt in nij hûs to stean. Hjir oer de wei. Ik ha it timmerfolk al op 'e balken slaen heard. Even letter kom dêr werklik in nij hûs to stean. Sy hie 't goed heard. Sibe en Gearte kommen der to wenjen.
nl.verhalenbank.15880
Dêr't in swellenêst yn of tsjin 't hûs sit, dat hûs rêst de segen op. Men mat dat net forhimmelje en net forbalje. De swel is heilich.
nl.verhalenbank.12336