Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bouwen Place of Narration: Drachten
Der wennen minsken yn Grinzer Pein. De man en de frou leinen op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat giet it hjir dochs op in timmerjen." Sy hearden klear dat der mei planken smiten woarde. Sy hienen mar ien buorman, dy wenne oan 'e lofter kant. Mar it timmerjen kaem fan 'e rjochtse kant, en dêr stienen gjin huzen. Hja der ôf om...
nl.verhalenbank.24659
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen." It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Hjir by de dwarsfeart stie froeger in hûs, dêr woarde alle nachten yn sage en timmere. Dan seinen de minsken: Dêr komt in nij hûs, mar dat gebeurde noait. Mar nou komme dêr allegear nije huzen to stean. 't Is dus wol neikom.
nl.verhalenbank.26048
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit. "Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter." Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk. Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr. "Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht...
nl.verhalenbank.33623
Myn ex-skoanâlden wennen yn Drachtster Kompenije. Hja hienen in kampke lân foar hûs lizzen. De buorlju dêr omhinne seagen op dat kampke lân alle jounen in ljocht brânnen. De âlde minsken seagen it sels ek. As se der by kommen, wie 't ljocht út. Doe is ien fan 'e bern troud en doe boude de âld man dêr in arbeidershúske op dat kampke lân foar de jonge lju....
nl.verhalenbank.18128
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
nl.verhalenbank.29644
De âlde grifformearde tsjerke to Eastemar woarde ôfbrutsen. Der soe in nijen boud wurde, mar earst moest de groun ophege wurde. Dat dienen se mei sân en dat sân kom fan 't Heechsân fan groun fan 'e Herfoarme tsjerke. Der wenne in dokter yn 't doarp, dy wie 'frijgemaakt', fan artikel 31. Dat wie dokter van Leeuwen. Dy sei tsjin ds. Boorsma (de...
nl.verhalenbank.32885
Doe't wy yn 'e Boelensloane wennen ha wy us timmerjen heard yn 'e nacht. Faker as ien kear. Letter kommen der tichte by ús boukommisjehûzen to stean.
nl.verhalenbank.22932
It wie yn 1888 en 't gebeurde op it Blaufallaet. Doe wie dêr noch net it greate kanael, mar noch in gewoane feart. Myn mem wenne dêr. Sy is greatbrocht woarn by in âldomke fan my op it Blaufallaet. Sy wie sawntsjin jier, doe stie se mei har omke op in joun bûtendoar. Oan 'e oare kant de feart gong it drok op in klunderjen. Mar der wie neat to sjen. Mem...
nl.verhalenbank.17751
Myn skoansuster Tite hearde yn 'e nacht altyd timmerjen. Hja wenne to Koartehimmen. Letter is op dat plak it Woodbrookers-gebou delset.
nl.verhalenbank.21383
Oan 'e Âld Wei to Drachten gong it by Bosma nachts altyd op in saegjen. Gong men der hinne to sjen, dan gebeurde der neat. Letter is dêr in skoalle kom. Wy hearden it altyd as wy op bêd leinen. Dan seinen wy: "Hea, der binne se wer oan 't saegjen." Mar yn werklikheit gebeurde it folle letter.
nl.verhalenbank.37911
Der wie in dûmny dy wenne yn Neerbosch. Dy hearde op in kear dúdlik dat se mei planken en balken smieten, mar doe't hy der hinne gong wie der neat. Letter kom dêr op dat plak in great weeshûs to stean.
nl.verhalenbank.27492
Der wie in timmerman dy hie 't bouwen fan in buorkerij oannom. Doe moesten se 't groubynt toplak sette. Dat koenen se net rêdde. Sy hellen Ynse der by. Dy sette alles allinne toplak. De oaren stjûrden it, mar Ynse sette 't del. As der hwat swiers tild wurde moest moest Ynse der altyd oan to pas komme.
nl.verhalenbank.24819
De boer en de arbeider wienen togearre oan 't skytaei-sykjen. It wie hwat in liddige tiid yn 'e winter en doe bouden se foar de grap fan dy skytaeijen in tsjerke. Doe kom doomny dêr lâns. "Dat wurdt in moaije tsjerke," sei doomny, "mar hwer is de preekstoel?" "Dy stiet dêrre." "Ik sjoch doomny net op 'e stoel", sei doomny. "Né, dy is der ek net," sei de...
nl.verhalenbank.32883
De Aldehou to Ljouwert is op kouwehûden boud, wurdt der altyd sein.
nl.verhalenbank.25063
Der wie in boer, dy syn pleats wie skjin to'n ein. Hy moest noadich in nije boereplaets ha, mar hy hie der gjin jild foar. Hy wie al faek op sjou west om jild, mar 't joech neat, hy koe gjin jild krije. Doe kom der him ris in kear ien op side. It wie de duvel. "Hwannear moat de plaets klear wêze?" sei er. "Leafst sa gau mooglik", sei de boer....
nl.verhalenbank.25248
Doe't wy hjir njonken wennen yn in âld keet haw ik it nachts wol faek heard dat se oan 't timmerjen wienen mei it hûs, dêr't wy nou yn wenje. Yn 'e Boelensloane hearde ik sokke dingen trouwens ek wol. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.25462
Heit (Tseard Veenstra; byneamd Tseard Kuorke) en syn buorman Theunis Veenstra wennen yn Boarnburgum. Op in nacht let wienen se oan 't murdzjen. Doe kommen se by in plak, dêr gong it drok op in timmerjen. Dêr wenne in timmerman. "Hark," sei heit tsjin Theunis, "dêr sil noch wol ûnforwacht ien stoarn wêze, dat se dêr in deakiste meitsje sa let yn 'e nacht."...
nl.verhalenbank.18127
1