Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bouwen Place of Narration: Boelenslaan
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Ik wie froeger hwat in raer man. Ik mocht graech in buorrel. Op in kear lei 'k yn 'e bosk. 'k Hie tofolle hawn en ik slepte. Ik woarde wekker fan timmerjen, krekt op it plak, dêr't ik lei. 't Klonk wit hoe lang troch. Mar der wie neat to sjen. Op datselde plak dêr't ik lei ha se letter "de Huchte" set.
nl.verhalenbank.17651
It mei sahwat in fiif en twintich jier lyn wêze. 't Wie yn 'e simmer. 't Wie yn 'e nacht en 'k lei op bêd. Doe hearde ik ynienen achter ús hûs: bouns - bouns -. Ik tocht: hwat mei dat wêze? Ik der ôf en nei bûten. 't Wie skymerich. De lûden wienen út it hok weikom, sa't it hearde. Mar doe't ik bûten stie hearde ik neat mear. En yn 't hok wie ek neat to...
nl.verhalenbank.25323
Ek haw ik it saegjen en timmerjen heard, foardat der by ús in skjippehok boud is. Dat wie ek foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19593
Ik kom ris yn 'e nacht Houtigehage del. 't Wie oeral donker. Se wienen oerdeis mei in nij tsjerkje oan 't bouwen. Dan gong it drok op in timmerjen. Mar ik hearde dêr dy nachts klear dat se mei balken en planken oan 't smiten wienen. It bounze der oer.
nl.verhalenbank.25322
Hjir njonken wenne in âld man mei trije bern. Der wennet nou in oantroude dochter fan him. 't Wie yn 1938. Hja woenen it spultsje hwat útbreide en sy hienen it der oer, sy woenen in heakipe bouwe. Op in nacht, doe leinen se allegear op bêd, doe sloech de houn oan en der waerd sage, timmere en alsa mear. Se hearden it alle fjouwer. Hja kommen oerein en fan...
nl.verhalenbank.25324
Us heit hat wenne oan 'e Lange wiken. Op in nacht hearde hy dúdlik dat der mei balken smiten woarde, net sa fier ôf. Nei forrin fan tiid hearde er deselde lûden wer, mar doe hearden se it allegear, hwant doe gong 't op in timmerjen oan in nij hûs dat dêr set woarde oan 'e Lange wyk.
nl.verhalenbank.24372
Froeger sieten wy yn skimerjoun faek by mem en dy ta de glêzen út to sjen. Dan wienen der soms wylde lantearnen oer de heide. Sy sweefden boppe de tiene-bosk en oer de Feanster wyk. It ljocht gong tusken de beammen fan 't bosk hinne en wer. Dêr't it stean bleau, dêr kom in hûs to stean, seinen se.
nl.verhalenbank.25657
Ik ha faek heard dat de minsken seinen: dat en dat hûs mat nochris ôfbrânne. Dy en dy ha 't brânnen sjoen. Sa hearden se ek faek timmerjen op plakken dêr't neat wie, mar dêr't letter in hûs kom to stean. Dat wie hjir yn 'e Boelensloane algemien.
nl.verhalenbank.36183
Paulus Alma fan Wibe Griet lei op bêd mei in stikkene foet. Hy wennet yn 'e Harkema. Wylst er dêr lei hearde er getimmer op in plak, dêr't net in hûs stie. Letter kommen dêr twa huzen to stean. Twa bruorren: Albert en Wopke van der Veen kommen dêr to wenjen. (njonken 't postkantoar, de huzen stean der nou noch) 't Is op 'e Hege Kamp.
nl.verhalenbank.28627
Yn Sevenhuzen (Zevenhuizen) wie 't froeger allegearre heide. Se seagen dêr jouns in ljochtsje brânnen op 'e heide, hoewol der net in inkel hûs stie. Letter is dêr in hûs delset.
nl.verhalenbank.19598
Myn wiif Brecht hat boerefaem west op it Wytfean by Piter Tammes Oosterhof. Oebele van der Sluis wie dêr doe feint. 't Wie yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp fan 1918, doe gebeurde it dat Paulus van Minnen fan Eastemar dêr by har it lytshûs en de skuorre fortimmere. Doe hearde myn wiif dêr nacht op nacht timmerjen. Sy woarde der wekker fan. Mar yn...
nl.verhalenbank.21199
Myn broer út Greategast heart wol gauris dingen fan tofoaren. Hiel faek heart er timmerjen. Dan komt der letter op sa'n plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.21406
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen. Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
Heit timmere wol ûnderhâns. Op in kear hearde er op in plak timmerjen, dêr wie neat to sjen. Doe sei heit: "Hjir njonken giet it ek op in timmerjen, dêr komt skielk ek in hûs." Dat is nei kom. By Ruerd Klaver woarde in great hok boud. 't Hûs wie to lyts. Ruerd Klaver wenne njonken myn folk.
nl.verhalenbank.24446
Wy seagen froeger wolris wylde lantearnen. Letter seinen se, doe't der huzen boud woarden: dêr ha wy froeger in wylde lantearne sjoen. Sa ha se ek in wylde lantearne sjoen op it plak dêr't letter Jelle de Wind wenne hat, op 'e Bulten.
nl.verhalenbank.28281
Yn 't hûs, dêr't wy nou yn wenje, hearden wy even foardat it fan binnen fortimmere woarde, yn 'e nacht hyltyd getimmer. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.28078
1