Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wy wennen yn Houtigehage. Dêr wenne in bikende tsjoenster, dat wie Jehannes Wyts.
Op in middei wie myn skoansuster by my. Hja hie har famke meinom, dat wie doe noch in poppe. Doe die se dat bern in skjin ruft ûnder. Doe seach ik dat dat bern in toutsje om 'e hals hie en dêr siet in lapke oan. Dêr siet hwat yn biboun.
Ik sei: "Hwat is dat?"
Doe sei myn...
nl.verhalenbank.33052
Hindrik Ophuis syn wiif gong der wol op út to naeijen.
Sy kom ek by in frommes, dat wie in tsjoenster. Dêr krige se in stik krintebôlle en hja hie forgetten de earste hap út to spuijen. Hie se dat dien dan koe 't gjin gefaer. Sy kom thús, deabinaud. Mar har eigen keardel Hindrik Ophuis wie ek in tsjoenster. Dy wist der alles fan en sei: Dû mast...
nl.verhalenbank.12315
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster.
De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
1.2. Redding op de Maas
Payers, bedevaartgangers uit de Meierij naar Kevelaer, waren in groten getale gekomen vanuit het Brabantse land. Ze waren door het Peelland getrokken, hadden te Oostrum en te Tienray Onze Lieve Vrouw even gedag gezegd, en stonden nu voor de brede Maas nabij Well om te worden overgezet en om dan hun bedevaart naar Onze Lieve Vrouw...
nl.verhalenbank.35541
volksgeneeswijzen
•kiespijn: kruidnagelolie
•wratten: insmeren met kikkers
•neusbloeden: poeder duizendblad opsnuiven
•reuma: ijzer onder matras. ( haar moeder deed dit en geloofde dit ook)
ook haarlemmerolie en pillen gemaakt van witte hondenkeutels zouden helpen tegen reuma.
•zenuwen: kamille en valeriaan
•te zwaar gegeten: venkelthee
•luizen: teer...
nl.verhalenbank.42905
Guon hienen faek de nachtmerje by har.
Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
Dy't de koarts kwytreitsje woe moest it boarst en de hals ynsmarre mei reade jiske.
nl.verhalenbank.36311
It hat hjir yn 'e Westerein de gewoante west dat der guon alle jounen oan 't kaertspyljen wienen. 't Gebeurde yn in gewoan partekulier hûs. Dan gong 't der altyd bot oan wei. Der waerd by sûpt en flokt.
Myn omke kaem dêr ek altyd. Dy spile ek altyd mei. Hy flokte as in ketter. Op in joun kaem hy der út. Doe soed er op hûs yn. Mar ûnderweis waerd er opnom...
nl.verhalenbank.29768
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. In nachtmerje kom by de lju yn 'e nacht yn 'e hûs en gong dan by ien op 't boarst sitten. Dan krige dyselde 't binaud. Guon gongen hinne en struiden moal; as de nachtmerje dat oan har hie, koe se net fuortkomme.
Se kommen ek by de hynders. Dy dieren bigounen dan to switten fan binaudens. De oare...
nl.verhalenbank.34616
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Wel een fyftich joar leden kwam hier een boer te wonen. Hy kwam uut Gelderland en hy had een wyf en in stuk of vijf kiender. 't Was een hiel aparte huusholding.
It minske was gewoan minskeschuw - se durfde met gien een te proaten en sy kwam noait tofoarskyn. En de kiender woaren net zo. Se durfden niet met andere kiender te speulen.
Moar de keardel was...
nl.verhalenbank.26979
Greate Pier wenne yn Kimswerd. Hy leefde yn 'e tiid fan 'e Spanjaerden. Hy wie in great fijân fan Spanje.
Dat wie by de Spanjaerden bikend woarn. Se hienen him forklapt. In overste mei in soldaet gongen nei Kimswerd ta. Dat wienen Spanjaerden. Dy soenen him deameitsje. Sy koenen him net, mar sy seagen dêr in boer. Dy wie op 't lân oan 't ploeijen.
"Boer,"...
nl.verhalenbank.25644
Us mem hie altyd in pûdtsje mei duveldrek by har op 't boarst hingjen fanwege it bitsjoenen.
nl.verhalenbank.21224
Tsjoensters koenen troch 't kaeisgat en troch 't goatsgat yn 'e hûs komme. Wy ieten wol duveldrek op om bifeilige to wêzen foar de tsjoensters. De bern hienen ek wol duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.34628
Foar tsjoensters wienen se froeger bang. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net yn 'e hûs. De berntsjes krigen stikjes duveldrek yn in pûdtsje op it boarst, dêr kom in lintsje oan.
De tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
Soms krige sa'n kat in skop. Dan seinen se de oare deis:
"Ha jim 't wol sjoen? Hja hat it fannacht west....
nl.verhalenbank.33750
De beppe fan ús mem wie in tsjoenster, mar dat hat mei dit teltsje neat út to stean. It wol allinne mar sizze, dat it net likefolle is hwat men seit.
Har buorlju, dat wienen dy beide âldfeinten Auke en Minse. Dêr hie se faek rûzje mei. Op in kear doe krige se rûzje, doe stie se by harren yn 't winkeltsje foar de toanbank. Doe fortelde se hwat, dat wie net...
nl.verhalenbank.34607