Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: boom Narrator Gender: male Place of Narration: Surhuisterveen
Us Sibe-om syn heit ha se wol us boven oer de beammen hinne smiten. Jouns moest hy der faek út. Dan gong er nei 't achterhûs ta. Dêr moèst er dan hinne. Hy wie bot oan 'e drank. De duvel krige him en smiet him. De duvel focht ek mei him. Dan wied er bont en blau en alhiel biblet. Hy wie koetsier to Surhústerfean. It gebeurde faek, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.21325
As de minsken froeger de koarts krigen gongen se nei Piter Scheper ta. Dy wenne op 'e Houtigehage. Dy ûntnom de lju de koarts en brocht de koarts op in beam oer. Dan trille de beam dat it hwat die. Sa'n beam hie dan de koarts en gong dea. Mar de pasjint wie de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.36070
Doe't de betonwei lein woarde by de Langewyk kommen dêr hiele grouwe beammen út 'e groun wei. It gebeurde dat fjouwer man dwaende wienen mei sa'n beam to forwiderjen, mar sy koenen 't net oprêdde. Doe fregen se in arbeider: "Joege, kinne jo dit ek dwaen?" "Sil ik it ris prebearje?" sei Joege. Doe hat er de beam hielendal allinne ûnder 'e earm nom en hy is...
nl.verhalenbank.25232
Der wenne in âld minske oan 'e Lytse Wei, dy is dêr formoarde woarn. Sy ha doe in krús op 'e beam set. Sûnt spoeke dat âlde minske dêr altyd om. Forskate lju doarsten dêr jouns net mear lâns komme. It krús bleau dêr altyd yn. Woarde de beam omkapt, dan kom it krús wer yn in nije loate.
nl.verhalenbank.27247
Oan 'e Lytse wei tusken Harkema en Droegeham is us in kear in frou formoarde woarn. Op dat plak stie in beam mei in krús der yn. As se dy beam ôfkapten en hy sprute wer út, dan kom altyd dat krús der fansels wer yn.
nl.verhalenbank.27049
As der ien extra sterk wie en hy tilde in beam op of sa, dan seinen se: "Dû bist sa sterk as Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.37978
35