Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: boom Place of Narration: Drogeham
Hjir oan 'e Lytse wei op 'e dyk stiet in ikebeam. Hindrik Borger wennet nou yn it hûs dat dêr by stiet. Dêr is al ris in âld-minske formoarde woarn. Dêr stiet noch in krús fan yn 'e ikebeam. Dat krús giet der noait út. Kappe se de beam om, dan komt it wer yn 'e nije stamme.
nl.verhalenbank.28881
In omke fan myn frou en in omke fan my wienen togearre ris op in nacht oan 't murdzjen. Sy soenen nei de Petten ta (ûnder Harkema). Dêr wie in daem, dêr koenen se de hounen noait oer krije. Sy prebearren doe de hounen op 'e earm der oer to dragen, mar de dieren woarden sa lulk, sy moesten se wol loslitte. Op itselde stik lân woenen se op 'e oare ein wòl...
nl.verhalenbank.28908
Der wie in man dy soe in pream fuortskouwe, mar hy hâldde de boom tsjin 'e binnenkant fan 'e pream oan, ynpleats fan tsjin 'e wâl. Dêrtroch bleau de pream op itselde plak lizzen.
nl.verhalenbank.29283
By de plaets fan Jan Gabes de Vries op it Wytfean stienen eartiids linebeammen foar de gevel. It woarde tiid dat dy wer opsnoeid wurde moesten. Op in nacht sei de frou tsjin 'e boer: "Hark, sy saegje ek wer yn 'e linebeammen om." De boer tochte: "Dizze kear sil se ris gjin gelyk krije." Hy sei tsjin 't folk: "De linebeammen matte bihimmele wurde, mar der...
nl.verhalenbank.33196
Ruerd van der Veen fan 'e Harkema (= Mike Ruerd) arbeide mei heit op 'e Kleasterplaetsen. Heit wie doe noch in jonge. Bindert Japiks Kloosterman wenne doe op 'e middelste plaets. Op dy plaets lei Mike Ruerd op in kear to dekken. Ruerd wie in raer man. Mar dy deis sei er it ôfgryslike raer op. Hy sei der bistie neat, gjin leaven Hear en ek net in duvel....
nl.verhalenbank.28779
Myn op ien nei jongste soan hat forkearing. Op in kear doe't er op bêd lei seach er dat de wei dêr't er lâns moest, alhiel forsperd wie. De oare deis bigoun it to stoarmjen. Der wienen safolle grouwe takken fan 'e beammen waeid, dat hy der de jouns net lâns koe nei de faem ta.
nl.verhalenbank.33199
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
Albert Land wie koopman yn 'e Harkema. Op in kear moest er mei hynder en wein de dikke beam passeare. Doe koed er dêr net lâns komme. Hy woarde hielendal oan kant skoud.
nl.verhalenbank.20378
Oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't nou Hindrik Borger wennet, seagen de minsken froeger in swart frommes. Dat frommes spûke dêr. Dêr is earen in âld minske formoarde woarn. Se wolle wol ha dat dat datselde frommes is. Yn 'e wâl op 'e dyk stiet in ikene beam mei in krús der yn, ta in teken dat it dêr gebeurd is. Dat krús koe der noait wer út, seinen se.
nl.verhalenbank.28901
It is wol fyftich jier lyn, doe ha ik en myn frou en myn swager en skoansuster ris in greate fjûrbol sjoen, dy gong krekt boppe de beammen lâns. Hy waerd letter ek wer wei. Hwat hat dat nou west, sizze jo.
nl.verhalenbank.28898
Der is oan 'e Lytse wei ûnder Droegeham froeger in frou formoarde. De beam dy't by 't hûs stie ha se in krús yn makke. Dat krús gong der noait wer út. As se de beam omkapten, kom der yn 't jonge beamke wer in krús.
nl.verhalenbank.33314
Hjir wenne froeger in man, dy brûkte in protte drank. Hy siet op in kear yn 'e kroech, doe dronk er wer fiersto folle. Doe soed er nei hûs ta, mar syn suster hie krekt de feint, dy woe him der net yn ha; hja kearde him by de doar. Doe is dy man de mieden yn rekke. Hy hie in doek om 'e hals. De oare moarns hong dy doek yn in hagebeam. En de man sels stie...
nl.verhalenbank.37239
By de dikke ikene beam oan 'e Betonwei yn 'e Harkema kom us in gloeijige man oansweven, flak boppe de groun lâns oer de wei hinne op 't Fliet yn. Piter Hountsje (= P. Alma) hat him sjoen. Hy gong him dwars troch de fyts hinne.
nl.verhalenbank.28899
1