Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: boerenknecht
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Op in kear wie Ymke mei de faem op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe smiet de faem him mei in rotterige jirpel. Ymke sei: "Famke, famke, hwat sille dy dy rotterige jirpels raer yn 'e mage sitte!" De jouns doe't se fan 'e jirpels ite soenen, pikte de faem dêr ek fan, mar hja hie hyltyd in rotterige jirpel oan 'e foarke.
nl.verhalenbank.19709
Ymke de Jong wie as jonge by de boer. De boer hie in pear hynders, dy lieten har noait krije. Op in moarn gongen de boer en Imke togearre nei 't lân. Imke sei: "Ik krij se wol." Hy fluite even en dêr kommen de beide hynders oan. De boer wie tige mâl mei him.
nl.verhalenbank.19708
Imke wie ris by in boer achter Ljouwert yn 'e ûngetiid. It wie op in dei dat it reinde en 't wie gjin heawaer. Dêr stie in greate houtbult op it hiem en de boer sei tsjin Imke: "Dû kinst wol bigjinne to houtsaegjen, dan hast hwat to dwaen." De boer gong yn 'e hûs. Doe't er efkes letter wer bûten kaem wie alle hout al sage.
nl.verhalenbank.32228
Imke de Jong wie ris to Grypskerk. Dêr kommen twa arbeiders by de boer wei. Jimme ha fan 'e wike neat tofolle fortsjinne, wol? sei er tsjin har. Né, seinen dy arbeiders. Nou, sei Imke, hjir ha jim elk in ryksdaelder fan my. Gean mar yn 't café en keapje foar jim elk in buorrel. De beide arbeiders nommen de ryksdaelders yn dank oan en kochten elk ien. Mar...
nl.verhalenbank.17019
It wie achter Ljouwert yn 'e tiid fan 'e ûngetiid. Der wie in pretsje yn it doarp, der woardde by dânse. In boerefeint, dy't by in boer wenne woe dêr graech hinne. Hy sei tsjin syn maet, doe't se yn 'e herberch sieten: "Wedzje, dat ik se aenst allegear stokstiif stean lit?" En mei dy wurden die er it ek. Al dy dânsers koenen net in foet mear forsette. De...
nl.verhalenbank.16813
Der wie in jonge, dy tsjinne as lytsfeint by de boer. 't Wie dy deis merke yn 't doarp en dêr woe dy jonge de middeis graech hinne. Mar de boer sei: dat kin net, dû mast hjoed dong út elkoar struije. Fansels, sei er, ast dat dien haste, meist wol nei de merke ta. Mar it wie sa'n put wurk, dat in gewoan minske hie der op syn minst twa dagen wurk oan. Mar...
nl.verhalenbank.24875
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl wie boerefeint op in pleats yn Ryptsjerk. Jehannes hie dêr in kammeraet, dy kaem ek fan de Wâl. Dat wie Yme Hogeveen. Hja wienen der in bulte togearre op út en kamen dan faek let op 'e joun wer thús. Dêr hie de boer fan Jehannes syn nocht fan. Hy sei tsjin Jehannes: "Ast nou wèr sa let thús komst, haw ik de doarren...
nl.verhalenbank.38417
Alde Adolf Eede fortelde: Der kom in nije feint by sekere boer. Der wie ek in arbeider by dy boer. Togearre setten se nei 't lân ta. Sy moesten dongstruije. De bultsjes stienen op 't lân. Doe't se der wienen, sei de nije feint: "Wy gean der by lizzen." Oan 't iterstiid ta joegen se har del yn 't lân. Nei iten gongen se wer nei 't lân ta. "Wy gean der wer...
nl.verhalenbank.21884
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.127105
11