Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: boerderij Narrator Gender: female Place of Narration: Opende
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Wy seagen hjir froeger achter ús wylde lantearnen. Ien ljocht wie tige klear en helder. 't Wie dêr doe allegear heide. Letter kom dêr in buorkerij.
nl.verhalenbank.25943
It plaetske, dêr't Piter Scheper op wenne hat yn 'e Houtigehage, dêr koenen se de doarren noait fan ticht hâlde. Sy dienen se op 'e skoattels, mar it joech neat. 't Wienen de skûrdoarren.
nl.verhalenbank.25957
Myn âlden hienen in flaeksbrake. Ik tsjinne yndertiid as boerefaem. Op in kear kom ik thús, doe seinen se tsjin my: "Sjoch us yn 't achterhûs. Wy hearre de brake iderkear gean, mar wy kinne der noait ien gewaer wurde. Miskien datstû tûker bist." Doe hearde ik it sels ek. Mar ik doarst der net heal hinne omdat it gjin goed spul wie. It wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19500
De earste plaets, dy't Jitse van der Vlugt boud hat, dêr seach heit fan to foaren de ljochtsjes fan, by skimerjoun. Heit koe him net bigripe hwat it wêze koe. 't Wienen tolwe ljochtsjes op in rige. 't Kom krekt nei. De plaets krige tolwe kouwerútsjes.
nl.verhalenbank.25945
35