Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum.
Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394
Myn pake Sieds Leerstra wenne by de boer. 't Wie yn 'e Harkema. Doe kaem dêr us op in joun in frommes, dat woe dêr graech oernachtsje.
Doe sei us pake tsjin 'e boer: "'t Is net in frommes, 't is in keardel."
"Dat kinstû wol sizze," sei de boer, "mar hoe wurde wy dat gewaer?"
"Jo matte ús in apel tasmite," sei pake, "dan fornimme jo 't wol."
Doe smiet er...
nl.verhalenbank.21398
Us mem hat by in boer tsjinne. Doe wie se noch jong.
Nachts om ien ûre hearde ús mem altyd ien de mjilling lâns sliere. De oaren hearden it soms ek. Mar noait ien dy't hwat seach. Se bigongen der allegearre om to tinken en se hearden sekuer it sloffen troch de koestâl, it gong nei de tsjernmoune ta. Mar as se der ôf gongen om to sjen hwat it wie, seagen...
nl.verhalenbank.29363