Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: boer Narrator Gender: female Place of Narration: Nijega
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Hantsjemieren wienen gjin bêste mieren, ha 'k wol ris heard. As it der mar hwat op like, wienen se al tofreden. It gers woarde soms allinne mar hwat platstrutsen. Hja makken ek gjin dikke foeren hea. As de boer by harren kom en se hienen krekt in foer hea op 'e wein set, dan koed er wolris sizze: "Dat is ek net in grou foer, wol?" Dan seinen se: "'t Is...
nl.verhalenbank.20201
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan. Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje. Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
Sterke Hearke hie in dochter, dy hiet fan Rixt. Dy wie o sa sterk, mar dat woe se net rjocht wêze. Hwant se wie bang, dat se dan net in man krije soe. Sy tsjinne by in boer. Op in kear hâldde in kloftsje jongfolk in wedstryd: Hwa't in earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne drage koe. Rixt wie der ek by. Sy nom de earnamerfol wetter yn 'e iene hân. Nou...
nl.verhalenbank.12217
Der wenne in boer to Súd-Drachten. Japik Ingberts kaem ris by him om in soadtsje jirpels to freegjen. "Mei alle leafde," sei de boer, "mar op ien bitingst. Jo moatte my dêr ris hwat fiten út jou libben foar fortelle. Hwat jo alsa útheefd ha. Kom snein-to-moarn mar." "Krij 'k dan myn jirpels?" "Bêst", sei de boer. De snein-to-moarns, dêr wied er al. De...
nl.verhalenbank.11495
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905. Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes. "By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen. De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Der wie in arbeider, dy koe bûksprekke. De boer wie deun. Hy joech it fé fierstomin to fretten en ien fan 'e kij sei op in kear: "Dat is in lyts hoekje, boer." (Mar 't wie de arbeider dy't it sei) De boer woarde ôfgryslike kjel. Letter kom út, dat de arbeider it sein hie. Dy is doe fuortjage woarn.
nl.verhalenbank.20869
Pake Harm wenne as jonge al by de boer. Jouns nei 't ôfljochtsjen die de boer alle doarren fêst. Ek dy fan pake syn keammerke. Dy slepte boven de sliepkeamer fan 'e boer en de boerinne. Yn 'e nacht hearde pake dat der dieven wienen. Hy hearde hoe't se de stiennen út 'e muorren sloegen. Sy woenen in gat meitsje. Pake koe net út it keammerke wei komme, mar...
nl.verhalenbank.18139
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
't Wie op in âldjiersjoun. De boer en de soan en it folk sieten mei elkoar yn 'e keamer by de hurd. De faem wie der ek by. Dy hie forkearing hawn, mar sy hie it útmakke mei har feint. Doe wie die feint siik woarn. Hy hie 't der se bot mei to dwaen hawn, dat hy wie op 't lêst overleden. Op dy âldjiersjoun moest de faem nei de skuorre ta om brantstof op to...
nl.verhalenbank.21003
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou." De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him. "Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
Hoe't somlike beantsjes spikkele wurden binne Der wie in boer, dy boude allerhanne grienten. Sa hie er ek ris in hiel fjild mei beantsjes. Mar yn dy tiid wie der faak oarloch. Sa barde it, doe't dy beantsjes dêre yn't fjild stienen tebloeien, dat der wer in oarloch útbriek. De fjochterij kaam dy boer syn kant út en op it fjild dêr't de beantsjes stienen...
nl.verhalenbank.14632
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein. Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy. Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er...
nl.verhalenbank.11575
To Aldegea wenne in boer, dy hiet fan Harmsma. Hy helle hea fan 'e Headammen mei syn beide arbeiders. Dat wienen Foppe en Alle. Dat hea woarde op in pream laden en dêr farden se mei nei Aldegea ta. De nachts slepten de boer en de arbeiders yn 't hea op 'e pream. Mar de boer koe net yn 'e sliep komme. Hy seach dy nachts klear dat der allerhande folk oer de...
nl.verhalenbank.11564
As der in selskip by elkoar sit, en sy wolle in flesse drank ha, dan moatte se skoppenboer fuortsjûre. Sy matte skoppenboer oan 'e flesse bine en dan de flesse bûten de doar sette, mar de doar op in kier hâlde. Se matte ôfprate, hwa't de flesse oannimme sil. Op in kear sieten der guon by elkoar yn 'e keamer. De âld boer lei siik yn 't bêdsté. Doe setten...
nl.verhalenbank.11567
35