Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten.
"Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels.
Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar.
Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan.
"Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy.
"Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Yn 'e Dokkumer Wâlden wenne in boer, dy hie in koe, dy waerd siik. It buorwyfke krige de skuld, dy hie dy koe yn 'e macht, mienden se. Doe helle dy boer it buorwyfke der by. Hy sei tsjin har: "Dû hast de koe siik makke, dû mast him ek wer better meitsje, oars stek ik dy hjir fuort dea."
nl.verhalenbank.24843
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar.
De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle.
Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Der hat ek in boer west, dy hie sa'n duvelsboek. Dy brûkte it foar syn wurk. As er dongstruije moest, lies er mar even yn 't boek, dan kommen de roeken delsetten en dy hienen de dong samar útinoar struid. Dan hoefde er 't sels net to dwaen.
nl.verhalenbank.24837
Der wie in boer dy wie oan reapsein. Syn skuorre wie sa min, dy koe samar ynstoarte. Dêr siet er tige oer yn. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik sil dy in nije pleats bouwe noch dizze nacht. Hy is klear foardat de hoanne kraeit. Mar dan mast dit even ûndertekenje. De boer die dat. Doe wied er oan 'e duvel forkocht.
Doe gong 't dy nachts op in timmerjen....
nl.verhalenbank.24832
Der wenne in feint by de boer. Dy wie de luije kant it neist. Hy hie in toverboekje.
Op in kear doe moest er nei 't lân ta to dongstruijen. Mar hy die neat. Hy gong gewoan yn 'e wâl lizzen.
De boer hie al in pear kearen nei him ta west om to sjen hoe fier hy wie. Mar de bultsjes stienen der allegear noch.
Doe't it hast iterstiid wie seach de boer dat dy...
nl.verhalenbank.25642
Der wenne in feint by in boer, dy feint hie sa'n duvelboek. De boer stjûrde him nei 't lân to dongstruijen.
Mar dy feint gong moai yn 'e sinne lizzen. Doe't er sa in skoft lein hie, krige er it duvelboek en bigong der yn to lêzen. Doe kommen der allegear âlde roeken op 't lân en dy bigongen to dongstruijen. Yn in healûre wie alle dong oer 't lân. Doe...
nl.verhalenbank.27459
Mem fortelde: Wy gongen froeger faek nei de Grinzer Klaei ta to wjudden en to flaekslûken. Wy slepten yn 'e skuorren. Wy wienen us yn in skuorre, doe lei dêr in koe yn in leech fek yn 'e skuorre. De arbeider fan 'e boer sei: "Jimme hoeve jim net oan dy koe to steuren." Mar dy koe wie fan 'e duvel. De boer wie frijmitseler. As er forlet hie fan jild holp...
nl.verhalenbank.24056
Nachtmerjes binne froulju.
Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje.
In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange.
Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje.
De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
Ytsje Jelle en Tytsje Jelle wennen flak by elkoar.
Hja hienen in duvelboek. Dat koenen se hast net kwyt wurde. Sy moesten it forkeapje.
Sy lieten kabouters en soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan lêsden se foarút. Lêsden se itselde wer tobek, dan gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
Der wie ek in boer, dy hie sa'n duvelsboek; Hy wie op in...
nl.verhalenbank.24050