Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: boer Place of Narration: Rottevalle
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis. De beesten woarden op mendei noait útlitten. As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong. De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Myn man wenne froeger by Nikus Veenstra, dy wie boer op Luchtenfeld. Dy boer hie in ûngeboaren berneearmke. Dêr koed er alles mei.
nl.verhalenbank.33050
Op 'e Klaei yn Easterein, dêr wenne in faem by de boer. 't Wie merke yn it doarp. De boer pleage har dy moarns hwat. Doe sei hja: "Ik krij joun in feint, as is 't de duvel ek." Hja gong dy jouns nei de merke ta. Mar hja kaem dyselde jouns wer thús fan 'e merke, sûnder in feint. De ôfwask stie der noch. De frou sei tsjin har: "Dû mast de boel noch even...
nl.verhalenbank.29593
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Froeger bigongen de boeren yn 'e Rottefalle op mendei noait mei in nij stik wurk, hwant der binne forkearde mendeis yn 't jier. Se dienen dan al in bytsje oan it karwei op saterdei. Dan gongen se der de mendeis mei fierder. Dan hienen se in bigjin makke.
nl.verhalenbank.33794
Froeger farde de Feanster boat apart mei arbeiders út Feansterheide en de Harkema ensa nei Grins ta. Dy't op 'e klaei oan 't flaechsteppen en sichtsjen en wjudden wienen, slepten yn boereskuorren. Dêr wienen spûkskuorren tusken ha 'k wolris heard, dêr woarden de minsken fan 't iene plak nei 't oare smiten.
nl.verhalenbank.27723
As se by de boeren oan 't terskjen wienen, moasten der maetregels nom wurde foar de nacht. As de skeaven klear leinen om tursken to wurden, en hja lieten se sa lizze foar de nacht dan bigoun it yn 'e nacht fansels to terskjen. Dat wie it wurk fan 'e wurkgeesten. In lech moest earst hielendal ôfmakke wêze. Earder hâldde it folk net op. (Sa wie 't gebrûk yn...
nl.verhalenbank.33786
Us mem hat wolris forteld, dat der guon op in distânsje melke koenen. As de boer dan letter by de koe kom wie dy al molken.
nl.verhalenbank.32972
Mem fortelde ek, der hie ris in feintsje by in boer wenne, dy hie alle wurk yn in omsjoch dien. As er modderbultstruije moest, dan klapte er mar even yn 'e hannen en 't woarde foar him dien. Dat feintsje hie in forboun mei de kweade happert, sei mem. D_ die 't wurk foar him.
nl.verhalenbank.32973
Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean wie in duvelbanner. Syn wiif woarde siik. Doe gong er nei 't boerke ta fan Sumar. Dat wie Knjillis Wytses. Mar ynpleats dat er it wetter fan syn wiif meinaem, hied er hynstemige yn 't fleske dien. Hy woe us wite of Knjillis Wytses dat ek fornimme soe. Knjillis Wytses joech him in pûdtsje mei. Doe't er it thús iepen...
nl.verhalenbank.20973
Hjir wenne in boer yn 'e omkriten dy koe gjin bûter krije. De tsjerne wie bitsjoend. Doe gong er nei in mantsje ta yn 'e Koezumer, dy wist oeral ried op en dy sei: Jo matte jou bihoeften yn 'e tsjerne dwaen en dan krekt sa lang bjinne en skjirje dat de lucht der hielendal ôf is.
nl.verhalenbank.32793
1