Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Oan 'e Mûzegroppewei is ris in moard gebeurd. Sytse Batema formoarde syn dochter en sloech doe de hân oan himsels. Op 'e muorre kommen bloedplakken to sitten. Dy woenen der letter noait wer wei.
nl.verhalenbank.36166
Bloed fan in moard ofkomstich wol net wer út 'e planken wei. Dat sei beppe altyd.
nl.verhalenbank.36158
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
Sytse Batema fan 'e Mûzegroppewei hat syn dochter de hals útsnien. By de hutte siet it bloed op 'e muorre en dat koenen se der wol ôfwiskje, mar it joech neat. It kom der letter altyd wer troch.
nl.verhalenbank.36035
Yn 't sket fan 't hûs fan 'e Batema's op 'e Mûzegroppewei sit in planke mei bloedplakken. Dêr is yndertiid in moard gebeurd. De plakken woenen der net út.
nl.verhalenbank.36169
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, kinne der noait wer út.
nl.verhalenbank.22268
Bloedplakken, dy't der by in moart komme, wolle der noait wer út. Dat hat ek it gefal west mei de moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates.
nl.verhalenbank.24436
Op 'e hoeke fan 't Wyldpaed is in sekere Piter Veenstra formoarde woarn. Hy is deastutsen. De bloedplakken ha se noait útwiskje kind.
nl.verhalenbank.22126
By de Wedze is in man formoarde woarn. 't Wie in boer. In arbeider krige dêr de skuld fan, mar se ha 't noait biwize kind dat er it dien hat.
Doe't dy arbeider op syn stjerbêd lei, sei er: "Greate Pier hat him de hals útsnien en ik moest tasjen."
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean kriget men noait wer út 'e flier of de muorre. Dy bliuwe der yn sitten.
nl.verhalenbank.30085
Bloedplakken dy't by moard ûntstean, wolle der noait wer ôf.
nl.verhalenbank.24646