Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Oan 'e Lytse wei woarde froeger âlde Sytske formoarde. De bluodderige steden fan 'e fingers ha dêr jierren-lang by dat húske op 'e stamme fan in beamke stien. Dat bloed woe der net wer ôf.
Letter ha se in krús set op it ikenhouten stambeamke.
Yn 'e daem by dat beamke wie se formoarde.
nl.verhalenbank.20371
Op 'e Mûzegroppewei is ris in faem formoarde woarn en fuort dêrnei makke de heit himsels ek noch fan kant. Doe kommen der bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait wer út krije kind. Sa lang it hûs dêr stien hat bleauwen dy bloedplakken dêr yn 'e flier. Se ha der fan alles oan dien. 15 jier lyn is 't hûs ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.36077
Op de Bazeldijk woonde d'r een boer. Die boer had een meid opgeknapt* Samen hebben ze dat kindje vermoord. Er was bloed van dat kindje op de tegels gevallen. Dat hebben ze er nooit meer uit gekregen.
in Meerkerk
*een buitenechtelijk kind verwekt
nl.verhalenbank.50865
Onuitwisbare bloedvlekken vindt men op kerkhofzerken.
nl.verhalenbank.45139
Op 'e Mûzegroppewei hat Bate Bates lang lyn syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels fan kant makke. Dêr wie in rymke fan (ek in strjittesang):
Bate Bates dy is gemien,
dy hat syn eigen dochter de hals útsnien.
En doe waerd er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
De bloedplakken yn dat hûs ha se der noait wei krije kind.
Hja koenen de...
nl.verhalenbank.29597
Gebeurt der in moart en dêr falt bloed by, dan kinne se dat bloed wol útwiskje, mar it komt hyltyd wer.
nl.verhalenbank.25437
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, binne onútwisber.
nl.verhalenbank.37379
Faek ha 'k fortellen heard dat moardnersbloed net wer útwiske wurde kin.
nl.verhalenbank.31244
Oan 'e Mûzegroppewei wenne Sytse Bates Batema yn in âld húske. 't Wie yn 'e winter. De soan wie út to reedriden. Sytse wie mei de dochter thús. Hy wie widner. Doe sei de dochter: "Ik wol ek ride."
"'t Gebeurt net", sei Sytse. Mar hja seurde him om 'e holle. Doe woarde Sytse lulk. Hy krige de bile en hat syn dochter de harsens yn slein.
Doe hat er himsels...
nl.verhalenbank.22238
Bloedplakken dy't troch in moart ûntsteane kin men letter net wer útwiskje.
nl.verhalenbank.31127
Hier heb ne dokter gewoond, ne dokter Faust, die had een verbond gesloten met de duivel. As die wat begeerde dan gebeurde 't, hij kon alles gedaan krijge. Al wat ie zee, kreeg ie gedaan. As die zee: ,,Ik mot naar Bommel toe'' en as die nou met een rijtuig was, dan was die zo maar over de rivier, zonder brug. Na een zekere tijd heb Satan 'm gehaald. Dat...
nl.verhalenbank.126188
As der ergens in moard gebeurd is, kinne se de bloedplakken der letter net út krije.
nl.verhalenbank.29684
Op 'e Noarderhegewei binne alris twa âlde minsken formoarde woarn. It wie sahwat op 'e Kletten. Oan 'e skoarstienmantel en oan 'e soudersbalken binne de bloedplakken sitten bleaun en dy binne der net wer ôf to krijen.
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien dêr is ek in moart yn gebeurd. (Sytse Bates). Dêr sieten bloedplaken yn 't bêdsté. Sy dienen der fan...
nl.verhalenbank.24388
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
As der ien formoarde wie, dan koenen se de bloedplakken letter net wer út 'e klean krije.
nl.verhalenbank.31976
Oan 'e Mûzegroppewei is ris in moard gebeurd. Sytse Batema formoarde syn dochter en sloech doe de hân oan himsels. Op 'e muorre kommen bloedplakken to sitten. Dy woenen der letter noait wer wei.
nl.verhalenbank.36166
Bloed fan in moard ofkomstich wol net wer út 'e planken wei. Dat sei beppe altyd.
nl.verhalenbank.36158
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
By in moart wol it bloed net wer fan 'e plakken ôf, dêr't it tolânne kaem, haw ik faek sizzen heard.
nl.verhalenbank.31193