Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bloedvlek Place of Narration: Harkema
Oan 'e Mûzegroppewei hat in heit (Batema) syn dochter fan sechstjin jier al us formoarde. De bloedplakken wienen net fan 'e muorre to krijen. As se der bihang oerhinne plakten, kom it bloed dêr wer troch.
nl.verhalenbank.21332
Yn in âld hûs oan 'e Mûzegroppewei wennen de Batema's. Bate hat dêr earst syn dochter deaslein en doe hat er himsels fan kant brocht. It hûs stiet der nou net mear, mar der wurdt sein dat se it bloed noait wer út 'e flier krije kind ha. Dat kom der altyd wer yn.
nl.verhalenbank.15901
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter formoarde. Yn 't sket sieten bloedplakken. 't Koe neat skele hoe faek as se 't oerferven, dy plakken kommen der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.27297
By Sytse Batema oan 'e Mûzegroppewei is yndertiid us in moart dien. It bloed ha se dêr noait wer út 'e flier wei krije kind, it kom der hyltyd wer yn.
nl.verhalenbank.21228
Bloedplakken dy't net útwiske wurde kinne: Moard oan 'e Mûzegroppewei. (Bate Batema)
nl.verhalenbank.19365
Dêr't in moard gebeurd is krije se 't bloed noait wer út 'e flier. Dat mat ris gebeurd wêze by lju oan 'e Mûzegroppewei.
nl.verhalenbank.25759
As ien him formoarde hat kinne se de bloedplakken letter noait wer fuort krije. By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei sieten de bloedplakken op 't sket en op 'e doar. Sy ha der letter in nije doar yn set, mar dêr kommen de bloedplakken like goed wer yn. Doe't dy moart krekt gebeurd wie, hat mem der hinne west to sjen.
nl.verhalenbank.29374
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei koenen se noait it bloed út 'e flier krije. Dêr wie in moart gebeurd. As se in nije planke yn 'e flier sloegen, kom it bloed dêr wer yn.
nl.verhalenbank.25798
Doe't Taeke Jan deastutsen hat, doe ha se in bûsdoek brûkt, dêr koenen se letter noait it bloed út krije. It kom der altyd wer troch.
nl.verhalenbank.23925
By Aldegea binne op in boerespultsje ris twa âlde minsken formoarde. De bloedplakken sieten oan 't sket. Sy ha wit hoe faek prebearre se der ôf to krijen, mar dat woe net. Sy ha der wol oerhinne ferve, mar dat joech allegear neat. Ek by de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder 'e Rottefalle ha se de bloedplakken net út 'e flier krije kind. Dat wienen èk...
nl.verhalenbank.25560
Oan 'e Mûzegroppewei wenne Sytse Bates. Dy hat syn eigen dochter de hals útsnien en makke doe himsels dea. Der kommen bloedplakken fan yn 't bedsket en yn 'e flier, dy woenen der noait wer út. As se der ferve oerhinne strutsen kommen dy bloedplakken der wer troch.
nl.verhalenbank.27015
Oan 'e Lytse Wei is ris in frommes formoarde woarn. De bloedplakken komme altyd wer op 'e beam, dêr't it gebeurde.
nl.verhalenbank.23926
1