Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Mûzegroppewei hat Bate Bates lang lyn syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels fan kant makke. Dêr wie in rymke fan (ek in strjittesang):
Bate Bates dy is gemien,
dy hat syn eigen dochter de hals útsnien.
En doe waerd er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
De bloedplakken yn dat hûs ha se der noait wei krije kind.
Hja koenen de...
nl.verhalenbank.29597
It gebeurde ris doe wie der in skippersfeint op 'e sael fan Van Dijk yn 'e Rottefalle; dy socht earmoed, dy woe rúzje meitsje. Pake wie dêr en Hearke ek.
Pake tocht: Hoe lang sil dit duorje?
Hearke siet by de tafel. Dy roerige skippersfeint roan by Hearke lâns. Doe krige Hearke him by de mouwe beet en sei: "Jonkje, meitsje nou gjin earmoed. 't Is allegear...
nl.verhalenbank.37452
Oan 'e Mûzegroppewei is ris in moard gebeurd. Sytse Batema formoarde syn dochter en sloech doe de hân oan himsels. Op 'e muorre kommen bloedplakken to sitten. Dy woenen der letter noait wer wei.
nl.verhalenbank.36166
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.33006
Op 'e Mûzegroppewei hat lang in hûske stien mei bloedplakken yn 'e flier. Dêr wie ris in moard gebeurd. Dy bloedplakken woenen der net wer út.
nl.verhalenbank.33799
Yn it hûs fan 'e Batema's oan 'e Mûzegroppewei hat famylje fan my wenne. Ien fan 'e Batema's hat dêr syn dochter formoarde. Doe't myn famylje dêr wenne sieten der twa greate bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait út krije kind.
nl.verhalenbank.33067
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke:
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
En doe wied er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
nl.verhalenbank.20974