Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei.
Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om...
nl.verhalenbank.23453
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
De blauwe stien fan Aldegea.
De Frânsen wienen yn ús lân. 't Wie oarloch. Sy wienen ûnderweis nei Aldegea ta. Sy woenen in oanfal op Aldegea dwaen. De boeren fan Aldegea hearden dêr fan. Doe brochten se gau har froulju en bern op 'e Hege Warren. Dat wie by de Headammen. Dêr wienen se feilich.
Doe gongen se hinne en makken in gat yn 'e wei, dy't fan 'e...
nl.verhalenbank.33382
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.23025
As de flam yn 'e kachel in blauwe kleur hat, komt der froast.
nl.verhalenbank.19376
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten.
De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Yn Lukaswoude (Gr.) siet yn it café in feint, dat wie in greaten spotter. Hy wie dêr oer iis op redens kom. Hy flokte en swetste mar en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang. As ik aenst nei hûs gean, dan hoopje ik, dat er om my komt."
Even letter gong er út 'e herberch. 't Wie helder ljochtmoanne-waer. Hy boun de redens ûnder. Hy moest oer in kanaeltsje. Dêr...
nl.verhalenbank.19850
De lytse bern komme ûnder 'e blauwe stien wei.
nl.verhalenbank.23104