Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerjes kommen ta de slotsgatten yn.
nl.verhalenbank.21907
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29629
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs.
Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen.
Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije.
Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Hjir hat in mem wenne dêr kom altyd in nachtmerje by. Dy koe troch alle lytse gatsjes. 't Wie in frommeske. Hy hat har in kear achter de keamersdoar stean sjoen. Hja hie lang hier op 'e holle.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Om har to kearen mat men de klompen onrjocht delsette.
nl.verhalenbank.24652
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't kaeisgat yn 'e hûs kom, sei ús heit.
nl.verhalenbank.26176
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29366
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
nl.verhalenbank.30066
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein.
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
In nachtmerje is in frommeske dat tsjoene kin. Sy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy leinen froeger wol duveldrek op 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.27481
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje.
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje.
Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs.
Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
In nachtmerje is in frommeske, dat troch alle gatsjes yn 'e hûs komme kin.
Fan 'e sawn famkes út ien húsgesin is ien in nachtmerje.
Fan 'e sawn jonges út ien húsgesin is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29774
In nachtmerje is in frommeske. De suster fan myn skoansuster hie der in protte lêst fan. Sy sette de toffels altyd achterstofoar foar 't bêd en sy hong ek fleartokken foar 't bêd.
De nachtmerje kom der troch 't kaeisgat yn.
nl.verhalenbank.27899
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf.
De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
De...
nl.verhalenbank.26021
In nachtmerje komt troch 't slotsgat, sizze se.
Ik set altyd de klompen noch achterstofoar foar de doar.
Dan kin de nachtmerje der net yn rinne, sizze se.
Ik lit foar de nacht ek noait in mes bleat op 'e tafel lizze. Ik stopje 't altyd wei ûnder 't thébledtsje of sa.
In nachtmerje kin men noait fange, dy glipt jin altyd ta de hân út.
nl.verhalenbank.28041
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905.
Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes.
"By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen.
De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Geale-om hie ek faek lêst fan in nachtmerje. Dy wenne hjir yn 'e Westerein. Doe wie der ris ien, dy rette him oan, hy moest moal struije op 't gesicht en op 'e tekkens. Doe hat er dat dien en de oare deis, doe siet der in fanke by de tafel. Dy koe net wer fuortkomme hwant sy hie moal oan har.
It wie ien fan Sikke Boukes froulju, tige rike lju.
't Wie wol...
nl.verhalenbank.29756