Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út.
Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
Ritske en Aeltsje wennen oan 'e Houtigehaechsterwyk. Sy hienen in jonkje, dat wie lytse Germ. Dat jonkje rekke bitsjoend. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy sei: "Jimme matte it kessen iepensnije, dêr't it bern op leit. En dat matte jim goed neisjen. As dêr trije krânsen yn sitte en dy binne alle trije klear, dan is 't bern net mear to rêdden.
Binne...
nl.verhalenbank.27268
Fan sawn jonges yn in húshâlding, mits se op elkoar folgje, is ien in wjerwolf. Fan 'e sawn famkes is ien in wjerwolvin.
In wjerwolf is in manspersoan. Dy mat sa nou en dan hwat toroppe of ien deameitsje. In wjerwolf, dêr binne se noait by fortroud.
In wjerwolvin wie in mannehater.
De wjerwolf en de wjerwolvin koenen troch de allerlytste gatsjes by de...
nl.verhalenbank.27267
Oan 'e Houtigehaechsterwyk ( = Skoallewyk) wennen Ritske van der Meer en Aeltsje. Dy hienen in jonkje. Dat bern woarde siik, it gûlde en spuide.
"Us Germ is bitsjoend", sei Ritske. Sy fortochten in minske ticht by har yn 'e buert. Sy retten Aeltsje oan om alle skreven by de doarren ticht to stopjen. Ek it kaeisgat en de skoarstien.
In pot mei nuddels en...
nl.verhalenbank.25660
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster.
In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat.
Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
nl.verhalenbank.24694
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28133