Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik wyt noch dat wy froeger arbeiders hienen, dy lieten noait de flaeikloppe op 'e tersk lizze. Hwant, seinen se, dan giet it fannacht op in terskjen. De kloppe hongen se foar de nacht altyd op. Mar it lêch lieten se wòl lizze.
nl.verhalenbank.12507
By ús yn 'e Houtigehage gebeurde 't froeger, dat se in pod troch 't lichem hinne stutsen mei in stôk, dêr't se in punt oan makke hienen.
Dy pod kom dan yn 't oes fan 't tek. Dêr fordroege er. Siet der wrang yn 't jaer fan in koe, dan woarde dy fordroege pod yn in stik brea birolle en sa moest de koe him dan opite. Dan woarde dy koe wer better.
nl.verhalenbank.12529
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
Yn Grinslân op 'e klaei binne plaetsen, dêr spûket it. It folk, dat dêr yn 'e skuorre slepte, koe soms samar oan kant smiten wurde. Dan moesten se op in oar plak lizzen gean. Ek bigong it dêr yn 'e nacht samar fansels to tsjernjen.
nl.verhalenbank.12526
Op 'e merke wienen froeger wolris tintsjes, dêr siet de swarte spegel yn. Dy't dêryn seach krige it byld to sjen fan 'e man of de frou, dêr't er mei trouwe soe. Ek guon, dy seagen har eigen lykstaesje dêr yn.
nl.verhalenbank.12527
It gebeurde wol dat in deade al syn lykklean net meikrige yn 'e kiste. Dan kom de deade wer. Dan kom syn hân om 't hoekje fan 'e doar en dan sei er mei in raer hol lûd, hwat er ha moest. Se moesten dat him dan tasmite, net oerjaen, hwant dat wie net fortroud. As se dat dien hienen, krigen se der gjin lêst wer fan.
nl.verhalenbank.12524
As men koarts hie, koe men dy wer kwyt wurde troch se op in beam oer to bringen. Dan bigoun dy beam to triljen.
nl.verhalenbank.12523
Op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Wilhelmina-hoeve, wienen wylde lantearnen. Dat tsjutte op hwat dat letter gebeure soe. Foartjirmerije. Mar hwat, dat wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.12522