Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in bibel foar 't bêd dellizze. Dêr komt net in nachtmerje oer.
nl.verhalenbank.19356
Doe't ik noch sa'n jonge wie, gong 't der by ús soms hiel bot oan wei. Dat wie altyd yn 'e nacht, as wy in skoftsje lein hienen.
Op in nacht kom myn broer Sjoerd thús. Hy gong op bêd.
Even letter, doe fornom er hwat. Der stie in hiel fremd lyts keardeltsje ynienen by ús oer 'e flier. Syn holle kom mar krekt boppe de sitting fan 'e stoel. 't Mantsje wie...
nl.verhalenbank.26234
Jan-om wie de jongste broer fan ús heit. Doe't heit noch yn Kromelle wenne, dat is krekt 74 jier lyn, wie Jan-om 19. Letter wie Jan-om âlderling yn 'e grifformearde tsjerke. Doe wied er noch mar in goede twintich.
Hy leefde o sa nau. Alhiel neffens de Skrift.
Op in kear soed er mei ien to riden oer iis. De redens hied er goed yn oarder. 't Hie bot ferzen....
nl.verhalenbank.33000
Dûmny forkocht bokkens.
Dûmny kom op hûsbisyk by in âld minske. Hja seagen him oankommen.
"Toe jonge," sei se tsjin har soan, "dûmny komt der oan, langje my gau de bibel oer."
Dûmny wie earst tige op 't snjit, doe't er it wyfke dêr sa froom sitten seach to lêzen yn 'e bibel. Mar doe't er goed taseach, died er in nuvere ûntdekking.
"Fuoi, frou," sei er,...
nl.verhalenbank.21310