Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in fanke, dat siet yn 'e skoalle. Doe frege master har, dy't oer de bibel oan 't fortellen wie: "Wie heeft de wereld geschapen?"
It fanke sei: "Ikke niet."
Doe bigongen alle bern to laitsjen. It fanke tocht, dat se 't forkeard sein hie, en dêrom forbettere se it gau. Sy sei: "Ikke, maar ik sal 't nooit weer doen."
nl.verhalenbank.23053
Warmolds hat yn 'e Harkema it evangeelje brocht. Op in kear kuijere er lâns de âlde sânwei om in plak to finen dêr't de tsjerke stean moest. Doe seach er ynienen in ljocht. Doe wist er it plak dêr't de tsjerke stean moest. It wie in fingerwizing Gods dy't er krige hie. It tsjerkje hiet:
De vinger Gods.
nl.verhalenbank.36793
't Wie yn 'e oarloch. Dêr wie in jonge út Surhústerfean wei yn tsjinst. Dy moest foar de poepen arbeidzje. Hy hie 't dêr ôfgryslike min. Dat skreau er ek wol yn syn brieven nei hûs ta, mar dy brieven kommen noait oer.
Alle kearen alwer skreau syn heit, dy't deagraver wie yn Surhústerfean: "Hoe is 't dêr? Hoe makkestû it dêr?"
Doe op in kear kom der in...
nl.verhalenbank.33559