Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By pake en beppe to Jistrum hat us in man west, dy moest stelle. 't Wie in sekere Japik Ingberts.
Sy wosken by pake en dy in koperen earnamer.
Japik Ingberts kaem by harren. 't Wie in aerdige keardel. 't Wie al hast tsjuster en 't ljocht hie op matten. De blinen moesten fan bûten ticht.
"Ik sil jimme blinen wol even ticht dwaen", sei Japik Ingberts. Mar...
nl.verhalenbank.23425
Yn 'e Houtigehage wienen twa froulju by elkoar to praten. De iene hie in koeke meinom. It minske dêr't se to praten wie, traktearre dêrfan.
Foar harsels snie se in stik ôf mei noch in hiel lyts stikje. Dat lytse stikje iet se op. It greate stik die se tomûk yn in slútkoer, dy't oan 'e souder hong.
"Hwat ha jo jou koeke gau op", sei it minske, dat dêr to...
nl.verhalenbank.20099
Ik en myn man ha twa jier yn in wein wenne. Doe sei er us op in moarn: "'t Is hjoed Drachtster merke, dêr wol 'k hinne."
't Wie sutrich waer. Ik sei: "Hwat silst dêr hinne dwaen." Mar hy sette syn sin troch. De jouns stie 'k út to sjen. Op 't lêst, dêr kom er oan. Heal bisopen.
Wy sieten even. Doe sei er: "Ik ha yn 'e waarseggerije west. Ik en Durkje...
nl.verhalenbank.20114
Kij syn mem is stoarn, doe wie se trije en fyftich jier. Hja woe net stiif wurde. Dokter koe 't him net bigripe.
Doe't er foar de lykskôging kom, doe wie se al sa slop as in flarde. Hy hat doe it lyk nei de glêzen ta tild om 't better to sjen. Hja wie bitsjoend. Sy sizze altyd: de earste bûten it hûs wei dy't komt om de deade to sjen, is de tsjoenster. De...
nl.verhalenbank.33431
Heit en mem wienen ris togearre to jounpraten. Doe't se weromkamen, wie 't nacht. Doe kaem dêr in greate, grouwe, swarte houn njonken har, dy roan flak by har lâns. It duorre net sa lang. Us mem seach dy houn, mar heit seach him net. Doe't se tsjin heit sei: "Wy ha hjir in houn as in keal njonken ús", waerd er stadichoan wei.
't Gebeurde hjir yn...
nl.verhalenbank.38633
Us mem hie to praten west nei har swager. Doe't se dêr wie spûkgûlde dêr in houn. 't Wie yn 'e Westerein. Wylst dy houn spûkgûlde wienen der twa froulju oan it sjongen. Doe sei mem tsjin dy froulju: "Jimme matte ophâlde fan sjongen hwant de houn sjocht hwat."
't Wie èk sa, de houn seach in lykstaesje.
Twa wiken letter forstoar dêr mem har swager (in broer...
nl.verhalenbank.38332