Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By Durk Mozes die er krekt allyk. Mar dêr wie it in geit. Hy striek de geit oer de hûd.
"Hwat in moaije geit", sei er.
Doe sei Durk: "Moarn is er dea." En hy wie dea.
nl.verhalenbank.21244
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Heit fortelde: In man en in frou fan Droegeham hienen to jounpraten west. Doe't se weromkommen, kom der har in houn op side, sa'n grouwen as se noch noait sjoen hienen. Mei greate egen. 't Wie in pleachbeest. Hy wie mar net by har weigong.
nl.verhalenbank.28510
Reid Keuning wie fytsmakker op Koatstertille. Hy wie net troud. Hy gong us mei my nei Twizel ta to skutjassen.
Op 'e weromreis sei er: "Wolst even mei der yn?"
Ik gong mei, krige kofje, in brochje mei hearring en in pear buorrels.
Ik siet by 't finster en hy by de doar. Doe sei er ynienen: "Al de soldaatjes uit de hut, marcheren!"
Dêr kommen se oan,...
nl.verhalenbank.15524
Op in kear kom Hindrik Pyl by Willem Stienstra. Willem sels moest fuort. Mar hy sei tsjin 't wiif: "Pas op, dat âlde Hindrik net by de bargen komt."
Mar hy kom àl by de bargen en sei: "Hwat binne dat in pear moaije bargen." En hy striek der mei de hân oerhinne. De oare deis wienen de bargen dea.
nl.verhalenbank.21243
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld:
"Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette."
Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen.
Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie.
Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch.
't Wie in susterke fan mem.
Doe...
nl.verhalenbank.33408
As men jouns gjin bisite mear ha woe, gong men hinne en set op 'e daem in streek mei de klomp en dêr in krús oerhinne.
nl.verhalenbank.17543
Yn 'e Liuwepoel yn 'e Harkema sit in munster. Soms roert it him, dan is it wetter yn biweging. Op in jountiid hat dat mûnster by de widdou van der Ploeg yn 'e hûs west. It gong op 'e stoel sitten. It minske wenne deun by de stoel [poel?]. Hja is it hast bistoarn fan bangens en hat der in hartkwael fan oer hâlden.
Fier fan to foaren gong it gerucht troch...
nl.verhalenbank.15608
It wie ± 1886 dat de dûmny mei in âlderling op hûsbisyk wie yn 'e Smoarhoeke. It wie bikend, dat der yn 'e Smoarhoeke hwat wie, dat net doochde. Dear roan hwat. By nacht doarst dear noait ien to reizgjen. De dûmny en de âlderling kommen it tsjin.
Dûmny sei: "Hwa binne jo?"
"Ik ben de vorst der duisternis", sei dyselde.
Doe sei dûmny: "Mat de forst der...
nl.verhalenbank.15620
Der wie in faem, dy sei op in moarn: "Ik wol joun in feint ha, al soe 't de duvel ek wêze."
Doe is de duvel kom. Hy hat by har sitten mei in ket om 'e poat.
nl.verhalenbank.27294
Hindrik Schievink wenne hjir yn 'e Harkema. 't Wie al in âld man. Syn dochter wenne yn Brabân.
As syn dochter wer in lytsen forwachte, kom der in fûgel by him by de doar.
Dan sei Hindrik: "Ik wurd èk wer pake." En it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.28593
Wibe Alma fortelde ek: "Ik hie forkearing mei Griet, mar 't wie wolris yn 'e hobbel. Sa wie 't dy kear ek. De forkearing wie út.
Ik soe op in joun nei har ta. Ik wie tusken 't tsjerkhôf en de iepenbiere skoalle yn. Doe seach ik oan 'e rjochterkant bisiden it paed en doe siet dêr ien. It wie Griet en dy siet dêr ynelkoardûkt mei in swart âld kleed om. It...
nl.verhalenbank.26226
Ruerd van der Veen koe mear as sljochthinne. Hy en syn wiif soenen us jounpraters ha, mar dêr gong in heftigen rûzje oan foarôf. As Ruerd lulk wie, die er it raer. Dan wie der gjin hûs mei him to hâlden en sloech er alles koart en klien. Sa hied er ditkear alle théguod oan diggels slein.
It stie der slim foar. It wiif skriemde, hwant der wie net in reauke...
nl.verhalenbank.16907
Alle Tet wenne op 'e Bulten. Dat wie in tsjoenster.
Op in joun wie mem by har. Mem wie doe noch tige [jong] joun. Tet siet to rideljen op 'e stoel. Sy wie sa binaud woarn, dat sy bigoun to switten. En sy sei tsjin mem: "Dû moatst fuort gean, bern, ik mat even fuort."
Mem tocht, hwat dit bitsjutte mat, wyt ik net.
Mem gong fuort, mar sy tocht: ik wol sjen...
nl.verhalenbank.29328
Wibe Alma (^) hat my forteld:
Ik soe us op in joun noch nei Hindrik Wimke ta - ik koe skeanoer troch 't lân. Doe kom ik dêr ynienen foar in hiel breed wetter to stean, wol krekt sa breed as 't djip (= 't prinses Margrietkanael). Ik bin wer nei hûs ta gong, ik koe net fierder, dan wie 'k forsûpt. De oare moarns ha 'k op 't selde plak west, doe wie 't mar...
nl.verhalenbank.26225
Wy ha 't faek hawn, dat wy dúdlik hearden dat der ien by de doar kom. Mar as wy der hinne gongen wie der net ien to sjen. Mar men koe der fêst fan op oan dat dyselde in skoftsje letter kom.
nl.verhalenbank.23946
Op 'e Bulten wennen minsken, dy hienen in bern, dat woarde siik. Der kom gauris in âld minske by harren, dat wie in buorfrou. 't Wie Alle Tet, in âld tsjoenster.
Sy tochten, 't bern kin wolris bitsjoend wêze. Sy gongen nei Kûkherne. En ja, Wopke sei 't bern sit ûnder forkearde hannen.
Hy joech in drankje mei en sy krigen de rie: duveldrek ûnder 'e drompel...
nl.verhalenbank.28556
In man fan 'e Hamsterheide kom fan syn suster út 'e Ham werom. Hy gong de Hamsterpaden lâns en ûnderweis kom der him in dikke, swarte kat op side, dy't by syn skonken lâns struts. By it lêste stik lân, dat er del moest, wie de kat fuort.
De wyks dêroan wie de man wer nei syn suster ta west. Hy kom itselde paed del en doe kom dyselde kat him wer op side....
nl.verhalenbank.15788
Us mem soe us in kear op bisite nei âlde Jantsje-muoi ta. Dy wenne yn 'e Stûken yn 'e Harkema. Underweis seach se in hiel great swart rad. Dat gong har foarby en wylst wie se oer side skoud woarn en der kommen allegear stille gedaenten achteroan. Hja hie fuort yn 'e gaten dat dit in lykstaesje wie, mar dat greate swarte rad koe se net to plak krije.
Hwant...
nl.verhalenbank.26222